Lietjes ut Fryslân

Gurbe Douwstra - Kom hjir no ris lizzen
Gurbe Douwstra - As it myn tiid is
Nynke Laverman & Ward Veenstra - Hallelujah
dat David brocht ta Gods gehoar
Mar psalmgesang hat dy nea ynteressearre
It wûnder fan trep fjouwer, trep fiif
de fal yn mineur, as majeur ferriist
Ferbjustere skoep hy it Hallelujah
Hallelujah
Dyn leauwe moast bewizen ha
Doe seachst har baaien op it dak
Sok moais yn t moanneljocht, do koest wol stjerre
Sy naam dy nei har keamer mei
sûgde alle krêften út dy wei
en twong dy ta in nuodlik Hallelujah
Hallelujah
Der wie in tiid datst by my wiest
en my dyn wêzen fiele liest
Wêrom't dat oer is, hasto nea ferklearre
Mar ferjit net wasto wiest yn my
hoe't wy ús mei de himel frijden
elke azemstjit wie Hallelujah
Hallelujah
Miskien dat der in god bestiet
Mar al wat ik fan leafde wit
is hoe te slaan nei wa t myn lok skansearret
t Is gjin geskriem, jins rie tenein
en ek gjin fromme psalm op snein
t Is in kâld en brutsen Hallelujah
Hallelujah (13x)
John Wright & Rolling Home - Fries om Utens
Hiel oars as oars, begryp my goed
Myn hûs stie oeral op'e wrâld
Gjin plak wêr't ik sa fan hâld
Ik stiel herten, die oaren sear
Makke freonen, ferlear in pear.
De leste dagen bin ik bang
Dat ik sa nei dy ferlang.
Ik sil dy sizze dat ik grutsk ben
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân o Fryslân ik longerje nei dy
O Fryske grûn, do joust my brea
De griene greiden, de lucht fan hea
Dyn loften wyld, dyn marren wiid
Dat is myn byld fan dy tiid
Fertel ferhalen, sjong fan dyn grûn
It is wâr't eartiids myn libben begûn
't Ferwôndert my hoe as it kin
Dat ik mysels hjoed net bin
Ik sil dy sizze dat ik grutsk ben
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân o Fryslân ik longerje nei dy
Let me tell you that I love you
That I think about you all the time
Fryslân you're calling me
Now I'm going home
And if I should become a stranger
You know it would make me more than sad
Cause Fryslân is being everything
I've ever had.
Do stiest my noch sa by, doarpke út myn tiid
Der is sa`n soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiet
En wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt
Der is altyd dy sin dy`t my oan dy bynt
Ea woe`k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear
Mar ik bliuw no faker thús, tinkend oan alear
Yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil
It makket neat mear út wêr`t ik hinne sil
(Kearsang:)
Ik reizgje op en del, de ierde oer
Altyd ûnderweis nei it aventoer
De eachein wol`k foarby, mar wêr`t ik ek kom
De ein fan elke reis is it paad werom
Ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft
Ik learde hjir it riden op de Slotsgrêft
Ik kriich myn earste tút yn `Under `e Sjuut`
Myn ferhaal mei dy, myn doarp, is nog lang net út
Ik boartsje frij yn`t fjild by de grutte feart
Ik strún wer fan it Aldlân nei de Sylsleat
Ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk
Myn flot is wer in boat, it reid myn ryk
(Kearsang)
De ein fan elke reis is it paad werom
Ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie
Mar seach dêr net de terp wêr`t myn widze stie
Ik besocht de grutste stêden fan de wrâld
Mar fûn dêr net it doarp dêr`t ik fan hâld
Ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer
En wit al myn gereis, ea is it oer
Lis my dan yn dyn grûn as ik safier kom
Nei myn âlderlêste reis: it paad werom
Want de ein fan elke reis is it paad werom
De ein fan elke reis is it paad werom
De ein fan elke reis is it paad werom...
©Piter Wilkens
Twarres zingt Bob Dylan in het Fries
Raynaud Ritsma zingt Bob Dylan in het Fries
Rowwen Heze & Nynke Laverman - Droemvlucht
Leonard Cohen Project: Piter Wilkens
Gurbe Douwstra - De swalkerinne (De Partisanen - Cohen in het Fries)
Dunsje my de leafde ut - Elske de Wall
Gerrit Breteler - Doe't God ferdwûn út Jorwert
Gerrit Breteler - Lit us derom drinke
Gerrit Breteler - As it jou wil is
As it jo wil is
Dat ik gjin taal mear hie
En myn stim stil is
Sa as it eartiids wie
Dan sil ik swije
Sa dat it stil is
In wink sil ik krije
As it jo wil is
As it jo hân is
De wiisheid no
Fan t fertoarke strân is
Dan sjonge ik foar jo
Hoe t it fertoarke strân is
It liet op e tonge
As it jo wil is
Lit my dan sjonge
En as it wurd wier is
En stimmen ferstomme
Elts jubeljend blier is
Lit de floed dan mar komme
En as it dan stil is
En doelleas de siel
As it jo wil is
Meitsje ús hiel
En as it dan stil is
En doelleas de siel
As it jo wil is
Meitsje ús hiel
En rin mei ús mei
En hâld ús fêst
Skuor ús der by
Yn it ljocht op it lest
It ferslinterjend ljocht
Dat ferpletterjend stil is
Mar de moarntiid brocht
As it jo wil is
As it jo wil is
Kom en nim my by de han
Lit it gean it swier en dreech ferstan
De sinne skynt, ja dy skynt ek foar dy
Leau yn dysels en fiel dy fÛgelfrij
Leau yn dysels en fiel dy fûgelfrij
Halde dyn tinsen dy donker en sa del
Lusterje dan nei wat ik dy fertel
Sjoch nei de loft, it blau, de wolken, lit dy gean
Folgje de fûgels, do kinst se ferstean
Folgje de fûgels, do kinst se ferstean
REFREIN:
Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy
De leafde is sa kreftich, it makket dy frij
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne
It is bytiden ûnwerklik en sa swier
Ynteressearret it dy gjin iene sier
Lit it los en sjoch omheech
De pine ferdwynt en meitsje dy leech
De pine ferdwynt en meitsje dy leech
REFREIN
Fûgels binne oeral romtlik en frij
De roppe fertelt hiel wat oan dy en my
Al is de dei sa tsjuster en docht it ljocht dy sear
De fûgels fertelle ûs der is safolle mear
De fûgels fertelle ûs der is safolle mear
REFREIN
sa asto dêr stiest sa fier en rjochtop
Marije ik ken dy salang
sa ast nei my sjochst, ik wit datst 't kinst
Marije wês mar net bang
as ien my doe sein hie, dat God graach in bern woe
Marije dan tocht ik oan dy
ik sjoch nei dyn eagen, dyn mûle dyn búk
Marije it is gjin fantasy
wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang
de faam fan myn dreamen dy't ik oerdei hie
Marije hoe faak ha 'k it sein
sa asto dêr rinst blier en útdaagjend
Marije sa moai en sa pril
ik leaude fuortdaliks, dat Hy by dy kaam
Marije ik hâld it wol stil
do bist in frou foar in wonder, as faam al bysonder
Marije do kinst it wol oan
frou út de dreamen fan safolle minsken
Marije sa moai en gewoan
wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang
de faam fan myn dreamen dy't ik oerdei hie
Marije hoe faak ha 'k it sein
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Muziek: Bruno Rummler
Eltse kear as ik by har kom
Dan docht it sa sear
Ik freegje: Witte jo wat ik bin?
Se seit: Ik wit it net mear.
Ik kin it net begripe, t libben duorret sa koart
Dat it úteinlik mei ús allegear, sa einigje moat
Se freget: Wolsto tee of kofje, in koekje derby?
Of ha k dy dat al frege. Of wie t net oan dy, wie t fantasy?
De takomst is ûnwis
De moanne blyn
De sinne kâld
As ik har fyn
Se sjocht nei my
Se heart myn stim
Mar wit net mear
Wa at ik bin
Se ken my goed
Mar net foar lang
De tiid fan doe
Makket har bang
Eltse kear as ik by har kom
Dan prate wy altyd
Oer doet se noch in famke wie
Ik bin sa bliid dat se t noch wit
Mar dan ynienen, der is neat oan e hân
Oant se úteinlik oan my freget: Wêr ken ik dy fan?
Oeren lang fertel ik har wat ik belibbe haw,
se seit: O jong, wat is
dat prachtich.
Mar ik wit dat k der úteinlik neat oan haw.
O, it
begruttet my sa!
De takomst is ûnwis
De moanne blyn
De sinne kâld
As ik har fyn
Se sjocht nei my
Se heart myn stim
Mar wit net mear
Wa at ik bin
Se ken my goed
Mar net foar lang
Want se seit
Wêr kin ik dy fan