Ferskes en Sankjes út Fryslân - deel 1


 Ferskes
 
01. Ald en nij - 02. Libbenstried - 03. Bitterswiet - 04. Sil it ljocht verlieze? - 05. Frysk binnenhúske - 11. Sa giet it  - 12. Kâld - 13. Poëzy - 14. De kapper  - 15. Befroren Blikfaart -  21. Ik hie tocht  - 22. Rinte - 23. Aste âlder wurdste - 24. Natuer - 25. It ivich tydlike - 33. Nakommerke - 34. SNEEK - 35. FOAR MEM - 36. Klaproas - 37. Kokon - 38. Kòsmos - 39. Ik gong op reis - 40. Maitiid op it iis - 41. Lokkich - 43. Fan Itens nei Easterrein - 44. Piipkrûd - 45. Yn Fryslân - 46. Leare - 47. Heit syn jas - 48. Jûn - 49. Septimber -  50. Kalm oan 

 

Sankjes
 
 
 
 
 
01.  Ald en nij

Doe 't pake jit feint wie en beppe jit faam,
Doe wie 't allegearre net heal sa foarnaam
En deftich as no;
Men neamde elkoar do;
Goedei en goed wei en dêr gyng it mei ou.

Doe wiene de minsken rûnboarstich en plat,
Hja neamden ienfâldich in kat mar in kat;
No wurde se boas
En lûke oan 'e noas
Oer echtfryske wurden, - mar net oer wat oars.

Doe gyng ek in boer jitte klaaid as in boer,
En stêdskompliminten dêr mocht er net oer.
Wat roppe se no?
Menhear en juffrou!
Tsjin boer en boerinne, soms lompen en grou.

Doe stelde de Fries yn syn taal jit in ear;
Dêr kaam er mei del by de grutste menhear;
Dat liket no neat!
No binne se great
Op healbakken Hollânsk, hoe bryk en ferkeard.

Doe 't pake jit feint wie en beppe jit faam
Doe wie 't allegearre net heal sa foarnaam.
Foarútgong is no
It roppen al gau,
Mar 't falt yn in hiele boel dingen wat ou.

Waling Dykstra
 
 
02. Libbenstried.

Myn bernetiid
Yn stormwyn en yn fleagen
Foar altyd fêstlein yn 'e hûd fan har
Dy't my mei leafdeshannen
Wachte

Se sit
De takomst tiidleas efterhelle
Ferseit mei sulver yn 'e stim
De tiid dat dreamen
Berne waarden

No
Yn it lêste jûnsljocht
Wjerkeatst in sinnestriel
De glâns fan har meilydsum hert
Yn 'e fâlden fan myn gesicht.

Wil Stelling
 
 
03. Bitterswiet

Bitterswiet bitterswiet
priuwt dit lytse leafdeliet
sil dyn ear 't wol ienris heine
as de fine drippen 't reine
reine litte oan dyn blinen
silst it hearre as de winen
flaikjend om dy hinne strune

harkest?
hark yn alle tunen
strykt de wyn op 't spinnetried
bitterswiet dit leafdeliet

wurden?
wurden hat it net
't ienlik en ûnrêstich hert
kloppet sêfter kloppet hjitter
bitter swiet en swiet en bitter
lústret lichter as de amme
lettertekens fan dyn namme
leafste hâld de siken yn
priuw de rein en hear de wyn
fiel de drippen hein dit liet
bitterswiet bitterswiet

Tiny Mulder
 
 

04. Sil it ljocht verlieze?

it sil flakkerje
op 'e kâlde pûster fan de hate
it sil wynderje
yn 'e stoarm fan geweld
sil it fertutearzje
yn it bline tsjuster?

nee
ik wol
ik wol beslist
de fûnken heine
it ljocht soeie litte
op de wyn fan de hope.

Anny de Jong
 
 
05. Frysk binnenhúske

Sletten blinen, toarre rountsjes,
kyn- en klok-en-hammerspul,
letterlapen, wettermountsjes,
idioom fan anno nul;
tipdoek, flodder, sulv'ren beugel,
breidskie, stove en lodderein,
folklore-deun fan road-road-reugel -
nimst yn ivigheit gjin ein?

Hark, in neare echo galmet
troch de lang forletten gong,
de âld petroaljelampe walmet
mei in swarte, fize tong.
Nea komt hjir in doar mear iepen
en it stjonkt hjir as de pest -
Fryslân leit him dea to sliepen
en de molkboer hat al west.

Fedde Schurer
út: Efter it nijs (1966)
 
 
 
 
 
 06. De Mounlersdochter

Oan de kant fen 't stille wetter,
By it earste maitiidsgrien,
Siet de ljeave mounlersdochter;
Tsjepper famke wier net ien.
En in snipper hearke socht hjar;
Fljuensk en ljeaflik praette hy.
Oan de kant fen 't stille wetter,
Nimmen wier sa bliid as sy.

Oan de kant fen 't stille wetter,
Yn it hjerstwaer koel en klear,
Siet de moaije mounlersdochter;
Mar hja wier net fleurich mear.
Och, de simmer brocht hjar lijen,
Hwent dat hearke, falsk wier hy.
Oan de kant fen 't stille wetter,
Nimmen wier sa droef as sy.

Oan de kant fen 't stille wetter,
Hwer de winter flokken smiet,
Seach ik wer de mounlersdochter;
Boijich en ûnlijich wier't.
Mar de ljeave mounlersdochter
Wier fen kjeld en soarch ring frij.
Oan de kant fen 't stille wetter,
Yn it stille grêf leit sy.

Waling Dykstra


07. It Heitelân
 


Dêr 't de dyk it lân omklammet, lyk in memme-earm har bern.
Dêr 't de wylde see jamk flammet op in hap út Friso 's hern'.
Dêr 't de stiennen man syn eagen Stoarje lit oer fjild en strân,
Dêr 't men eanget fan gjin weagen, Dêr is 't leave Heitelân!
Dêr 't men eanget fan gjin weagen, Dêr is 't leave Heitelân!

Dêr 't Reaklif sa swietkes lonket, yn de jûntiidssinneskyn.
Dêr 't it bokweitblomke pronket, tusken heide en beamguod yn.
Dêr 't de Aldehou syn brommen, oeren fier soms dreunt yn 't rûn,
Dêr 't it tilt fan fee en blommen, Dêr is 't oeral Fryske grûn!
Dêr 't it tilt fan fee en blommen, Dêr is 't oeral Fryske grûn!

Dêr 't har froed de geaÿn spriede, tusken Lauwers, Linde en Flie.
Rêstich drôgjend, oft de ierde, Rûnom noft en frede wie.
Dêr 't de grûn de soargen leannet, Fan der minsken warbre hân,
Dêr 't men frij en feilich wennet, Dêr is 't ynleaf Heitelân!
Dêr 't men frij en feilich wennet, Dêr is 't ynleaf Heitelân!

Lit ús tinke oan âlde tiden, ieuwen fol fan lêst en noed.
Kriich tsjin frjemdfolk, fjochtsjen, striden, Wrakseljen mei wetterfloed.
Dêr 't Dy 't âlde folk bewarre, dreech tsjin stoarm en twingerij.
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"


08. De bosken fan it Wâld

De bosken fan it Wâld
De bosken fan it Wâld
mei hûnderttûzen blêden
dy't risselje en rûze, flústerje en beevje
weevje, stadich weevje op 'e wyn...

Ik wit hoe't ik as jonge
ûnder de beammen stie
in geur sweeft troch myn holle
ik wurd wa't ik doe wie
Dêr fielde ik myn grinzen
as lytse fûgel finzen

De bosken fan it Wâld
dy't risselje en rûze
en stadich wurd ik stiller
en stadich wurd ik âld

Ik bin de skilder mei it hoopfolle palet
dy't elke dei de wrâld wat moaier kleuret
sa meitsje ik myn eigen paradys
blanke beammen, sêfte stimmen
oan beide kanten in ingel oan mûn hân
Ik bin de skilder mei it transparant palet
bewenner fan in iensum mearkelân

Faak gean ik nei it âlde doarp mei beammen
sa hjir en dêr in hage om de tunen
elts doarp is wer in eigen paradys
lytse huzen, smelle stegen
en by de pleatsen it jongfee yn it lân
Ik bin de skilder mei it treastrike palet
de skepper fan myn eigen mearkelân

De bosken fan it Wâld
mei hûnderttûzen blêden
dy't risselje en rûze, flústerje en beevje
weevje, stadich weevje op 'e wyn...

Reboelje


09. Fryslân, myn lân

Dit lân is myn lân, dit lân is dyn lân,
fan 'e Lauwerssee ôf, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e Ôfslútdyk,
dit is it lân foar dy en my.

Doe 't ik earn yn fryslân, op in stille dyk  roun,
seach ik om my hinne, nei de natuer.
It gers wie grienich, fersierd mei blommen,
en hjir en dêr in buorkerij.

Dit lân is myn lân, dit lân is dyn lân,
fan 'e Lauwerssee ôf, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e Ôfslútdyk,
dit is it lân foar dy en my.

Ik makk' in kuier, de sinne skynde,
en yn 'e fierte, seach ik wite seiltsjes.
Dy grutte marren, mei al syn boatsjes,
dat is ús Fryslân op syn bêst.

Dit lân is myn lân, dit lân is dyn lân,
fan 'e Lauwerssee ôf, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e Ôfslútdyk,
dit is it lân foar dy en my.
Dit is it lân foar dy en my.


10. Fryske marren

Moai sûnder wjergea binne de marren:
Sêft wiuwend rizich reid oeral yn 't rûn.
Sulveren weagen, driuwende tillen,
dûk'ljende fûgels, fearjend de grûn.
Dûk'ljende fûgels, fearjend de grûn.
Moai sûnder wjergea binne de marren:
Sêft wiuwend rizich reid oeral yn 't rûn.
Oeral yn 't rûn, yn 't rûn, oeral yn 't rûn.

Midsimmers pronkseal binne de marren:
Rûnom is pompegrien, markol dy dûkt.
Eintsjes yn 't wetter driuwe sa sêftkes,
reidhintsjes boartsje, wytstirns dy spûkt.
Reidhintsjes boartsje, wytstirns dy spûkt.
Midsimmers pronkseal binne de marren:
Rûnom is pompegrien, markol dy dûkt.
Markol dy dûkt, dy dûkt, markol dy dûkt.

Nocht oars sa nearne jouwe de marren:
Oerfloedich libbensswiet, sûnheit en tier.
Roeikje en sile, swimme en fiskje,
sterkje de spieren yn 't simmer hjealjier,
sterkje de spieren yn 't simmer hjealjier.
Nocht oars sa nearne jouwe de marren:
Oerfloedich libbensswiet, sûnheit en tier.
Sûnheit en tier, en tier, sûnheit en tier.
 
 
 
 
 11. Sa giet it   

In kanne fol mei kofje,
in treppot fol mei tee,
dy steane op it ljochtsje
en binn' foar skinken ree.

Wat tee- en kofjedrinkers,
in lang en smout petear:
De beide grutte potten
Minderj' allinken mear.

In kanne sûnder kofje,
en treppot sûnder tee
ferdwine nei it oanrjocht,
binn' foar de ôfwask ree.

Gepke
Ut: Moaiens op in kante meter.
 
 
12. Kâld

In deadskleed leit oer hiel de wrâld
alles liket wel ferstoarn
natoer en minske binn' sa kâld
der is gijn bloei mear oan.

De beammen, hingjend skril en keal
alles is tryst en dôf
it leaket allegoar sa feal
de loft hinget swier oer 't hôf.

Mar lokkich komt nei sa'n tiid
fan kjeld en fan fenyn
altyd wer in simmertiid
mei ljocht en sinneskyn.

T. Braaksma


13. Poëzy         

Witst' wol famke, dat in blomke,
dat in freonlik sprutsen wurd,
dat in lytse died fan leafde
safoll' yn 'e wrâld betsjut?

Wês dan gol mei al dy dingen
strui se rûn, de hiele dei
wês foar eltsenien dy'tst moetest
'n sinnestrieltsje op 'e wei!

F.Folkertsma, 1942


14. De kapper  

Siet der gjin glâns mear yn beppe har hier
waard it frijwat feal en skier
dan dearde har dat net so folle
se sette in earizer op 'e holle

Deis koe it mei in mûtske ta
Hoe moast ús mem it ha?
Doe wie dat gjin moade mear
dus, gewoan útkjimme: klear

Mei in frusseltsje waard de holle bedutsen
en hjir en dêr in spjelde yn stutsen
it prúkje waard op 't lêst wat tin
mar it stie har net sa min.

In kapper hat se nea besocht
oan coupe-soleil waard noch net tocht.
Ek wol noflik is 't net sa.
..O, 'k moat nei de kapper ta!!

S. Huitema-Rypma


15. Befroren Blikfaart

Blikfaart, faart fol stof en skeuren
beul fan 'e Elfstedentocht
dou hest heel wat krússyjagers
de genadeklap ferkocht.

Nag sien ik se naast my knoff'len
doadop met 'e neus op 't iis
ogen, die 't gyn barst meer sien
êrms en benen in 'e tiis
skúffelend in 't skemerdonker
'n wek ferbij bij Maartsys brûg
met twee ilestiken ankels
en 'n sândsak op 'e rûg.

Blikfaart, met dyn lege wâlen
en dyn iis as poetsketoen
soust dou ooit de kâns nag krije
om dyn beulswerk weer te doen?

A. Tilma (Bildts)
 

 
 
 16. Frysk folksliet

Frysk bloed, tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om.
Flean op! Ik sjong it bêste lân fann d'ierde;
It Fryske lân fol ear en rom.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Ompolske fan it hege sâlte wetter,
Fertroppe op in terp of stins
Hien'd'âlde Friezen yn de wrâld net better.
Har lân en frijdom wie har winsk.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Frjemd fan it jok fan frjemde hearen
Faak earm, mar dochs sterk en frij
Stoe de âlde Fries stânfêst by syn manearen
Hy wie in Fries, in Fries stoar hy.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden
Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hân,
Wie wille yn dy fromme tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har lân.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Fan bûgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlêst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen
Oerâlde leave Fryske grûn,
Waard noait dy taaie bân ferbrutsen,
Dy Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme
In grien, in krêftich duorjend leat.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.


17. Fries om utens.

Oh ja 't is wier, ik fiel my hjoed
Hiel oars as oars, begryp my goed
Myn hûs stie oeral op'e wrâld
Gjin plak wêr't ik sa fan hâld

Ik stiel herten, die oaren sear
Makke freonen, ferlear in pear
De leste dagen bin ik bang
Dat ik sa nei dy ferlang

Ik sil dy sizze dat ik grutsk bin
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân, o Fryslân, langje nei dy

O Fryske grûn, do joust my brea
De griene greiden, de lucht fan hea
Dyn loften wyld, dyn marren wiid
Dat is myn byld fan dy tiid

Fertel ferhalen, sjong fan dyn grûn
It is wêr't eartiids myn libben begûn
't Ferwûndert my hoe as it kin
Dat ik mysels hjoed net bin

Refrein

Let me tell you that I love you
That I think about you all the time
Fryslân, you're calling me
Now I'm going home

And if I should become a stranger
You know it would make me more than sad
Cause Fryslân is more than everything
I've ever had.

Rolling Home

 
18. Friezeliet

Dêr 't de noardseeweagen spiele oan it strân,
dêr 't de bûterblommen bloeie yn 't griene lân.
Dêr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgerûs,
dêr is myn lânsdouwe, stie myn âldershûs.

Dêr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgerûs,
dêr is myn lânsdouwe, stie myn âldershûs.

Wyn en weagen songen dêr har liet foar my,
efter hege diken gie myn jeugd foarby.

Mar myn herte lange nei de wide wrâld,
'k woe om fierrens swalkje sûnder honk en hâld.
Mar myn herte lange nei de wide wrâld,
'k woe om fierrens swalkje sûnder honk en hâld.

Folle lok en lijen haw ik neitiid fûn,
wat ik ienris dreamde hat my 't libben jûn.
`k Socht de fiere kimen, dêr 't myn hert my dreau,
nearne koe ik bankje, want ien langstme bleau.

`k Socht de fiere kimen, dêr 't myn hert my dreau,
nearne koe ik bankje, want ien langstme bleau.

Langstme nei it griene bûntbeblomme lân,
dêr 't de noardseeweagen spiele oan it strân.

Dêr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgerûs,
nei de eigen oarde en myn lêste hûs.
Dêr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgerûs,
nei de eigen oarde en myn lêste hûs.


19. Flaggeliet

Sjoch, sjoch dy skeane banen,
Dat weagjend wyt en blau,
Dy reade pompeblêden,
Dat âlde byld fan trou!
Sjoch, sjoch se blinken, sinken,
Allinken foar in skoft,
Sjoch, sjoch se wiuwen, kliuwen
En driuwen yn'e loft!
Dat, dat is ús Fryske flagge!
Dat, dat is ús Fryske flagge!
Dan omheech, dan omleech,
Op en del mei wyn en weagen,
Dan omheech, dan omleech,
Wiuwend, kliuwend steech en dreech.

Krekt sa't dy banen weagje
En blinke yn sinneskyn,
Sa weagje ús wide wetters
En blinkt de sinne 'r yn.
Kretk sa't dy blêden teare
En dûke en jouwe mei!
Sa, sa waait ús Fryske flagge!
Sa, sa waait ús Fryske flagge!
Dan omheech, dan omleech,
Op en del mei wyn en weagen,
Dan omheech, dan omleech,
Wiuwend, kliuwend steech en dreech.

Bliuw, banen, wite en blauwe,
Bliuw, blêden, rea en rûn,
Bliuw 't byld fan Fryske trouwe,
Byn Friezen oan har grûn!
Weagje oer ús griene greiden,
Weagje oer ús wetterwiid;
Bliuw 't byld fan Fryske dregens
En Friez'ne stille striid!
Waai, waai út no, Fryske flagge!
Waai, waai út no, Fryske flagge!
Dan omheech, dan omleech,
Op en del mei wyn en weagen,
Dan omheech, dan omleech,
Wiuwend, kliuwend steech en dreech.

(tekst: Jan fan ‘e Gaastmar
Muziek: T.E.Halbertsma)



20. Ik kom út Fryslân

"It is de boer likefolle, as de ko skyt of de bolle",
dat stiet by ús heit en mem te lêzen.
Bin ik yn Snits of yn Ljouwert, wat makket it út,
as ik mar yn Fryslân hoech te wezen

Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.

Sjoch ik de marren en de skûtsjes en de pompeblêden dan by simmerdei.
Sjoch ik de greiden, kei en kealtsjes, no dan tink ik:
"Nee, ik gean hjir noait wer wei!"

Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.

Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.

Wat moat ik no bûten Fryslân, nee brûk dochs dyn ferstân,
dan mis ik dat moaie skjinne wetter.

It bliuwt foar my Fryslân boppe en Hollân yn 'e groppe
en de Fryske taal, dat leit my better.

Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.

Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.

Sjoch ik de marren en de skûtsjes en de pompeblêden dan by simmerdei.
Sjoch ik de greiden, kei en kealtsjes, no dan tink ik:
"Nee, ik gean hjir noait wer wei!"

Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.

 
 
 
 
 
 21. Ik hie tocht  

Ik hie tocht,
dat it libben einiget

asto der net mear bist

de wrâld hâldt op fan draaien
de hoanne staakt it kraaien
de wolken keare it ljocht
en de kat hat oan boartsjen gjin nocht

asto der net mear bist

gjin boer ferkskynt op 't lân
de nocht oan 't buorkjen bedoarn
gjin woartel, gjin blom en gjin bist
ha krêft om te libjen, sa is 't

asto der net mear bist

mar neat is minder wier
fan'e moarn al witte ier
striele de sinne sa klear
gong de hoanne tekear
hie de kat syn boartersmaat fûn
en buorman bewurke mei faasje syn grûn

wylst do der net mear bist.

Janke Douma


22. Rinte

Beppe wie bliid
mei in kealtsje
mem mei in sint
ik mei in botsen
en it stuorke.
Mar no is't de euro
dy't rint.

Sa ferdogge wy
de tiid mei sinten
mar jout in bytsje leafde
net mear oan rinten.

G. Yntema-v.d.Mark


23. Aste âlder wurdste  

Aste âlder wurdste
wurdt it weromtinken langer
it ynsjoch klearder.

Aste âlder wurdste
komt de ein tichterby
learst te libjen by de dei.

Aste âlder wurdste
is dyn selsbetrouwen ripe
troch weagen fan pine hinne.

Aste âlder wurdste
begjinst it libben te sjen
troch de eagen fan dyn hert.

As de libbenspine dat dy jaan kin
dan hast net fergees libbe
en stille freugde waachst.

Theodora


24. Natuer.

'k Stean by de bern, as yn 'e loft
in glânzge fleanmesine bromt.
Ik rin mei eltse blide kloft,
en as Michiel to spyljen komt
dan bringt my syn harmoanika
oan 't skriemen ta

Hâld jimmer, Hear, myn eagen rein,
om wiid forwûnd're as in bern,
by alles hwat dizze ierde skein'
it moaije dat ús bliuwt to sjen.
Dan bloeit ek út de lytste knop
it wûnder op.

In ljurk, dy't yn 'e súv're moarn
de lege lânnen efterlit,
dy't, dronken fan syn eigen toan,
oars net as sulv'ren blidens wit,
en as syn liet nei d' ein ta rint
al wer bigjint,

sa springt myn hert út leed en ûnk,
út lege mieden fan fortriet
en sjit omheech, in ljochte fûnk,
in blinkend, selsforgetten liet
dat sjongend altyd heger klimt
en nea gjin ein mear nimt.
 
Fedde Schurer
út: Utflecht (1930)



25. It ivich tydlike

Hoe 't alles syn plak hat
it wetter fan de feart
it reid dêrnjonken
de greppels yn it lân
de rige wylgestobben.

Hoe 't soks wei wurdt
yn de mist, yn de nacht
ferdwynt nei letter.
Dat it den wer opkomt
as wie der neat bard.

Sa 't de see opspilet,
him weromlûkt en
leechte afterlit.

Frans Holwerda
 
 
 
 
 
 26. De seeman

Ik haw in seeman kennen,
Dy foer de wrâld yn 't rûn  

Hy hie yn 't âlde Fryslân
In leaflik famke fûn.  

Hy sei oan 't strân: "Myn famke,
Gau kom ik ryk werom;

Dan sil ik net wer skiede
Fan dy, myn leave blom".

It famke kamen d' eagen
Sa fol fan suv're dau;

Hja lei syn hân yn sines
En sei: "Ik bliuw dy trou".

By't swalkjen oer de baren,
Oan lân, 't sij ier of let,

Yn stoarmen en gefaren,
Syn faam fergeat er net.

Doe hat de dea him wonken,
En 't boldre hôl en rou:

De seeman is ferdronken,
Mar bleau syn famke trou!



27. Ferdronken Flinter

Sa te stjerren op it wetter
mei dyn wjukken fan papier.
Samar driuwen nei it fleanen
yn de wolken driuwst do hjir,
mei dyn kleuren dy ferfage,
sûnder sykje sûnder fragen,
einlings foar altyd reste
en de blommen die sto tutest.
Geuren dy sto ooit hast witten,
alles kinst do no ferjitte
op it wetter widzest hin en wer.
Sa te stjerren op it wetter
mei dyn wjukken fan papier.

As in flinter dy dochs fleane kin
oan't yn de blauwe loft,
as in flinter altyd frij en
foar it libben op'e flecht,
wol ik fersterren op it wetter,
mar dat is in soarch foar letter.
Ik wol fladderje as'n flinter,
op it blommenblêd sa widzjend,
mar sa heech ken ik net fleane,
derom flecht ik in yn myn dreamen,
altyd bin ik foar it libben op'e rin,
as in flinter dy dochs fleane kin,
oant yn de blauwe loft.

Om te libjen tocht ik: soest
in flinter wéze moatte,
om te fleanen hiel fier fuort
fan alle libben, alle pine.
Mar ik ha net langer hinder
fan oergeunst op in flinter,
want selst flinters die ferstjerre,
'k lit myn wille net bedjerre,
ik kin sûnder fleane libje.
Wat sil ik noch langer jaan,
oer in flinter dy fersûpen is yn maaie,
om te libjen ha ik ek langer neat
mear te kleie.

Lennaert Nijgh / Boudewijn de Groot
Oersetten yn it frysk troch: Heleen Kuipers.



28. It marke

It wie op in simmerjûn;
It sintsje dat stoe op 'e grûn,
Wol heal yn 'e dauwe wei:
Krekt as it yn 't wetter lei.
En sêftkes en stil wie de wrâld;
It wetter lei sûnder in fâld.
En 't goudene sinnefjoer,
Dat sprate syn gleonens der oer,
der oer, der oer.

Men hearde gjin flinter noch mich
Sa flodderjen oan 'e ich,
Of gûnzeljen oer 'e poel,
En ek gjin mear bernegejoel.
Mar smûk, mei de kop yn 'e plom,
Sa driuwkelen de einkes rûnom
Yn 't lizige blêdige gnod,
Swiet syljende jit yn 'e dod,
'e Dod, 'e dod.

En djip yn 'e ladene tsjalk
Song skûtefaar lykas in alk
In sang fan 'e oerâlde tiid,
En wie mei it wyfke sa bliid.
En 't wyfke dat spûn en dat striik
En dig're aloan troch de riik
Ut 't healwei opskowene lûk,
En wie by her hurdke sa kloek,
Sa kloek, sa kloek.

O jûne! o leaflike dei!
Wat tins ik dy faak efternei.
En wêrom, sei, fleachsto sa swiid,
Do griene, do goudene tiid?
Do himelske midsimmerjûn,
Wat wiesto sa rêd my ferrûn!
O kaamsto, ei mylde, o kom!
Ei, kom my dochs faker werom,
Werom, werom.

Tekst: E. Halbertsma
Muziek: W.A. Mozart


29. Yn it Dokkumer lokaaltsje
 


Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

Yn it noarden fan Fryslân, der ried ris in tram
mei in gong fan sa 'n tritich yn 't oer.
Mar de tiid gong foarby en dat tramke moast wei.

En doe rekke de bouhoek fol fjoer.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

In kommisje fan trije, dy kaam oan it wurd.
Foar dy tram der moast komme in bus.
En it duorre net lang, want it spoar wie net bang.

En no hinget in elts yn e lus.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

Hiel de bouhoek stiet stram, hast yn fjoer en yn flam,
want de bus nou dy is oan 'e rol.
En jo stean by de wei en jo kinne net mei,

want de bus, nou dy is altyd fol.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

Dêrom nou ta beslút,smyt dy bus der wer út,
en jou ús dan mar leaver it spoar.
Ek al fret hy de koal ek by 't weintsje hast fol,

en al wie men fan 't reizgjen wat goar.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.


30. Fryslân, ik hear by dy

Wer sjogg'jo sa'n romte
sa'n greiden, sa'n blomte
wer sjogg'jo sa'n romte
yn de maitiid as by us
Dêr’t sêft it wyntsje waait
en oer it fjild it ljipke saait
Eltse maitiid fiel ik wer
Fryslân dat ik by dy hear
 
Wer sjogg'jo dy loften
dy seiltsjes by kloften
wer sjogg'jo dy loften
yn de simmer as by us
Dêr’t swietrook fan it hea
jûns hinget oer't bedauwe gea
Eltse simmer fiel ik wer
Fryslân dat ik by dy hear

Wer brûzje de weagen
wer rûzje de fleagen
Wer brûzje de weagen
yn de hjerst sa as by us
Dêr’t de boer syn ropping trou
yn rein en wyn stiet op 'e bou
Eltse hjerstmis fiel ik wer
Fryslân dat ik by dy hear

Wer noegje de fearten
it jongfolk sa derten
wer noegje de fearten
yn de winter as by us
Dêr’t elts in spanning sit
oft de alvestêdetocht troch giet
Eltse winter fiel ik wer
Fryslân dat ik by dy hear

mei tank an Joukje v.d M.


31. Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
     
As lofte-blau yn't wetter spegelt
en wolke-skaad oer d'ierde strûst,
As ljurke-sang it hert ferheget,
de wyn troch blêd en reiden rûst.

Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.

As freon en frjemd syn frijheid romje
en seilen oer it wetter flean',
As ljipkes oer de wjokken tomm'lje,
hoe soe my't hert net iepen gean.

Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.

Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
en romje´t ynleaf plakje grûn,
dêr´t sûnt ûnheugelike tiden
it Fryske folk syn wenstee fûn.

Anneke Douma
Mei tank an Fokke de Groot.



32. Gerrit Breteler: Katarsis
 


Doe't God ferdwûn út Jorwert
ferdwûn de slachter en de bakker
en de doarpsgek ek, de stakker
en by einbeslút de boer
der bliuwt neat fan Fryslân oer
No't ús lân rûnom ferwylget
foarby, foargoed, ferlern
moarn is der neat mear fan te sjen

Yn 'e kroech koe 'k it sa moai sizze
moast ik it dy, myn skat, útlizze
dat it doogde yn 'e grûn
dat der leafde wie foar't wûnder
foar it wêzen yn't bysûnder
dat de roas doe ek ferwylge
as it gers, myn leave skat
mar wy wienen bern fan God

De God fan doe en letter
dy't mei ús rûn oer't wetter
Ivich en aloan
en Maria ek har Soan
it ferbyldzjen bin' we kwyt
halleluja ta myn spyt
no't it wûnder ek ferwylget
grutskalich, lomp en plat
ik haw dy leaf, myn lytse skat

Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche
dat wie ferdomd net in lyts bytsje
mar wat jout it ús yn wêzen
alle boeken dy't we lêze
as we rinne sûnder sinne
op 'e weagen fan 'e see
ik haw dy leaf, hoe sis ik dat
mei of sûnder God
en ivich boppedat

Ach it wie doe fêst net better
mar it wie sa moai foar letter
it treast foar't grut farwol
hoe hâldt in minsk' it fol
as er ivich libje wol
no't myn roas ek al ferwylget
as it gers myn lytse faam
is dy treast my dochs ûntkaam

Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche
dat wie ferdomd net in lyts bytsje
mar wat jout it ús yn wêzen
alle boeken dy't we lêze
as we rinne sûnder sinne
op 'e weagen fan 'e see
ik haw dy leaf, hoe sis ik dat
mei of sûnder God
en ivich boppedat
 
 
 
33. Nakommerke

op un sundachmòrren
de laaste week
fan oktober fier en 50
hewwe se
myn plesenta
achter in 'e tún
fan ut griffermeard ferpleechhús
begraven

myn suster
huppelde
dy dach
deur
de gysbert japiksstraat
en skreeude
teugen idereen
'k hew un broerke krege
'k hew un broerke kregen

omdat ik
un nakommerke was
deed oans fader
wat minder lúdruchtech

trouwens
de hele buert
wist ut ok al

al dacht
oans moeke
fan nyt

Henk van der Veer


34. SNEEK

tuurlek
dy Italiaanse meiden
lope feul seksiër en soepeler
as de degeleke
Súdwesthoekfrouwen
op dinsdachmorgens
over ut Groatsaan

en ik weet ut wel
de ouwe feemerk
is fanself
ut Plaza di San Marco nyt

mar as ik genietend
fan un soute hearing
temidden fan de krinkjespuiers
op 'e Eierbrugge
dy geniale Dirk S. Donker
ut karreljon fan 'e Groate Kerk
bespeulen hoar dan het Sneek
ok wel wat

Henk van der Veer


35. FOAR MEM

 
I
as in foetus
draaist en swimsto
yn dyn lêste bêd

muoisum sykje hannen
ûnrêstich tin en wyt
yn in see fan lekkens
sjippeglêd haldfêst

mei in iiskäld wattestokje
- sitroenesmaak en hygiënys fabrisearre -
­ meitsje ik dyn droege lippen wiet

Noch ienkear fûnkelje
- dizich en tebrutsen ­
dyn eagen blauwe ljochtsjes
do bist noch mem

dan tútsje ik stiltsjeswei
dyn ronfelige wangen
en lústerje foar de lêste kear
wurdsjes fan ôfskied.


II
de himel kleuret pears
dy deis boppe it hôf
gummybannen ferpulverje
tûzenen skulpen yn stikjes
fjouwer wâldmantsjes
litte de arke
stadich nei ûnderen sakje

in kloft wite seefûgels
spat kritend yn ' e l0ft

neibesteanden roppe in god oan
boppe dyn iepen grêf
ik kin him net
myn treast sit yn mysels

op ‘e weromreis
flokke eksters
in requiem
yn it deade hout

 
III
sân wike letter dyn grêf:
ynsakke modderbulte
raffelige linten
fersutere krysanten
en in glêzen sjempot
dy't oan gruzeleminten leit

Henk van der Veer

 
36. Klaproas

broazelege, mar fúrege levensgloëd
eenmalege skoanheid op kwetsbere stengel
eventjes opflammend
Eén sucht fan’e wyn
as fúrege fleugels fan un flinder
fliëge roade blaadsjes overal heen
as ile belòftes mar fluchtech,
te fluchtech ferdwinende kleuren.

Wat bliëft is ut swart
op ut plak fan ut hart
de siel is flogen.
De stengel búgt teruch in’t gras
teruch naar de aarde
dy dústere bron fol met levensgeheimen
dy’t klaproazen teruchgeeft
gyn mins dy’t ut betwifelt.

As un bloem nyt foargoëd hoeft doad te gaan
wêrom sú der un mins dan wel.

 
[frij naar un fers fan Yvonne van Emmerik]
meinommen fan it blog fan Henk van der Veer




37. Kokon

'Nou gaan ik doad', sei de rups, ' tòt kiekes '
en hij wikkelde sich in un lange draad,
un doadskleed, ferhard tòt urn
su koud as stien.
De son ging onder
der kwam gyn maan
gyn suchtje wyn.

Un stien is un stien
stolde stòf
doofde gloëd
fan oait un ster

In ut earste licht
foltrok sich ut wonder
de stien spatte úteen
un ademtòcht
un fleugelslach
un kleurepronkje
un daans fan befrijïng.

As un rups al flindere mach
wurde minsen dan engels?


[frij naar un fers fan Yvonne van Emmerik]
meinommen fan it blog fan Henk van der Veer



38. Kòsmos


Nou ademstou de kòsmos in
en kòsmos ademt dij.
Sonder grênzen,
gyn beperkings mear,
ut lieve leven achter dy laten,
hestou de frede goeie seid
dy’t allienech
an de Andere Kant bestaan kan.

As al ut liefs en goëds fan dij
nòch mar ut skaad was
fan wat is wêrstou nou bist,
hoe ongebroken heel
an de doad foarbij
sal dêr dan leven weze
foar dij

 
[frij naar un fers fan Gerard Oostveen]
meinommen fan it blog fan Henk van der Veer
 
 
 39. Ik gong op reis

Ik gong op reis, al lang net mear nijsgjirrich,
't wie reizgjen tsjin de eangst.
Ik seach my dronken oan it wide lân, de wolken.
Oantinkens dy't 'k net hie, mar sels betocht,
alles waard inkelfâldich, riedselleas.

De minsken wiene ûnderweis nei hûs, samar nei hûs.
Gerdinen waaiden op foar 't iepen rút. De manlju moai,
lichtfuottich, fleurich, de hannen brún en krêftich
fan it wurk. In jonge frou, swier fan har earste bern,
socht om in koeler plak ûnder in beam, it ljocht dat
om har hinne wie, hie gjin kontoeren.

Op lette middeis-oeren struts sêft in kat tichtby
in muorre lâns, waarm glânzgjend yn syn fûnkelfel.
Ien tel wie 'k net mear bang foar libjen,
foar de grutske dea. Djip yn de ljochte tunen hearde
ik ommers fûgellûden. Dêr achter wie it lân, it hea.

Baukje Wytsma
 
 
 40. Maitiid op it iis

Joech de maitiid folle wille,
Ek de winter is my djoer;
As 'k dy sjoch, sa moai en krigel,
D' eagen fol fan heger fjoer.

Mei de faam der oer te waaien,
Wat in wille foar in Fries!
Binn'de beammen keal en neaken-
Dat is: maitiid op it iis.
 
 
41. Lokkich

Wat makket mij lokkich, wat makket my bliid,
wat telt no noch mei yn sa'n jachtige tiid?
It binn' lytse dingen en dochs binn' se grut:
in hân of in knypeach, in inkeld leaf wurd.

Sa wichtig is sûnens, dêrst tankber foar bist,
in hûs, ja in plak, dêrst dysels wêze kinst,
gjin sorgen om iten, om klean of in baan,
Mar foaral is it my om ús leafde te dwaan.

Want al myn krewearjen, ja al wat ik doch,
it hat wier gjin doel mear as ik dy net sjoch.
Ik wol 't mei dy diele, oars hat it gjin sin,
ik bin net kompleet as ik sûnder dy bin.

Soe alles hjir wei gean en bleau der neat oer,
al hie ik ek neat mear, it joech my gjin stoer
Ik koe it ferneare as ik dan mar wist,
dat wat der ek barde, dasto by my bist

Asto by my bist, bin 'k net bang mear foar moarn,
tegearre mei dy doar ik alles wol oan.
Ik jou net om jild, guod en oansjen en sa,
as ik yn dit libben dyn leafde mar ha.

Grytsje Kingsma  út "Tûzen dagen"
 
 
 
42. Jou my asjebleaft noch even tiid   (Adri de Boer)
 
'k Wol net mear ûnwennich wêze,
Mar ik bin it faak noch sa.
'k Wol dyn briefkes net mear lêze,
Mar 'k bin bliid dat ik se ha.
Dyn keamer doar ik eins hast net mear yn
Om't ik dêr noch sa'n protte fan dy fyn.

Sitst yn sa'n soad lytse dingen,
Yn de kleuren fan it hiem.
Sels de geur fan de seringen
Makket dat ik samar skriem.
Ik skrik soms noch sa fan de tillefoan.
Der is hjir yn 'e hûs neat mear gewoan.

Koe 'k mei triennen treppen bouwe,
Mei fertriet in brêge slaan.
'k Soe dy út 'e himel helje;
Earlik wier ik soe it dwaan.
Mar myn triennen dy ferdampe,
Myn fertriet jout gjin hâldfêst.
'k Moat noch sa faak oan dy tinke
En myn hert fynt mar gjin rêst.

Minsken sat om mei te praten
En 't is goed dat ik dat doch.
Mar se ha 't net yn 'e gaten,
Dat 'k de wrâld sa tsjuster sjoch.
Se sizze faak hoe moedich as ik bin
Mar se witte net dat 'k nachts net sliepe kin.

Alle boeken op 'e planke,
De muzyk dy't 'k net mear draai.
'k Kin der samar wer om janke,
Gjin momint bist by my wei.
Ik wit it wol, ik krij dy net werom.
Ik sjoch dy pas wer as ik by dy kom.

Lit my no mar eefkes stil gewurde.
Lit my noch mar eefkes yn myn striid.
'k Bin noch lang net yn 't fertriet behurde.
Jou my asjebleaft noch even tiid.
 
 
43. Fan Itens nei Easterrein


Wat fiel ik my lyts
en tagelyk ryk.

Under my
as in griis lint
de dyk.
Boppe my
it grien fan 'e beammen
in poarte allyk.

Oan wjerskanten
as in earehage
de berm besiedde
mei piipkrûd
manjefyk.

Wat fiel ik my ryk
en tegalyk lyts
mids dit alles
dêr op é fyts.

Aike



44. Piipkrûd (frou tsjin har man)
 


Ik woe dat ik dichtsje koe,
dan soe 'k it piipkrûd besjonge,
yn in melodieuze melody
fol ynhâld, myn bêste jonge.

Dy blommen sa yn wûndere pracht
moai bloeiend lâns de dyk
mei de hagedoarn as in kroan derby
meitsje my dochs sa ryk.

Wy binne yn 'e hjerst fan 't libben,
mar dy moaie maitiid hâldst ús jong
mei har bûter en hynsteblommen
en it piipkrûd, dêr 't ik graach fan sjong.

De krûden siere ús dierbere grûn.
It jout blidens foar dy en my.
En hoe 't ik dy moaie skepping besjonge moat,
Ik wit it net, it bin de wurden foarby.

G. Yntema-van der Mark
 
 
 
45. Yn Fryslân
 


myn faam stiet noait
op in rots
yn de mar
of hinget healwiis yn in beam
my jûns op te wachtsjen
as ik mei it hynder
weromkom út Grins.

gjin earn
dûkt fan de bergen
om ús winter te bringen
sokke fûgels en bergen
binne hjir net.

gjin dûnsjen op jierdeis
mei fluiten en fjoerwurk
en waaiende jurkjes:
wy sitte yn krinkjes
froulju by froulju
taartsjes te iten
en sels as er him wosken hat
rûkt de boer noch nei kuil.

wy blaze muzyk
fan it weagjen fan wetter
rinne fan Raerd nei de see
(of oarsom)
as olympyske sport
springe mei stokken oer fearten en sleatten
wylst der ek dammen ...
sitte yn rein
nei stikjes te sjen
net te ferstean foar ús lângenoaten.

wy wenje op bulten
yn it iepen fjild
wy ha de smaak fan
de sâlte see op 'e lippen
by ús bliuwt neat hingjen
de wyn waait ús skjin.

Uit: Bartle Laverman – Foar elke man in eigen Pake
 
 
46. Leare


Leare, alle dagen nij,
elke dei komt der wat bij.
Dikke boeken, swiere tassen,
simmer-, rein- en winterjassen,
alle dagen ûnderweis;
't libben is in lange reis.

Nije skoalle, nije bern
fielst dy earst wol wat ferlern.
Dy 'mevrouwen' en 'menearen'
fyftjin fakken om te leraren,
rippetysjes, pine yn 't liif:
is 't in acht of is 't in fiif.

Soms is 't plus en soms is 't min,
mar komst grif wer freonen tsjin.
En dan kinst dysels wer wêze,
mei dyn freonen skriuwe en lêze.
Alle dagen ûnderweis,
leare is in leuke reis.

Hear, dy't al ús sorgen wit,
mar ús noait allinne lit:
wol ús helpe, bern en âlden,
om de hân oan 't stjoer te hâlden.
Hear mei Jo so ûnderweis:
't libben wurdt in moaie reis!
 
 
(auteur mij niet bekend)

 
 47. Heit syn jas

Ik wenje yn in jas
Dy’t makke is fan lear
In jas fan neat foar dy
Foar my safolle mear

Want dizze learen jas
Fan in goeie kwaliteit
In sterk en stevich model
Dat is de jas fan ús heit

In moai eksimplaar
Dy’t ús mem him joech
Op syn fyftichste jierdei
Dy’t hy sa graach droech

Eltse moarn opnij
Wannear’t er gie
Nei syn wurk ta
Doe’t er noch by ús wie

Yn ‘e djippe bûse
Fan heit syn learen jas
Dêryn fûn ik wat jild
De doarskaai en syn id-pas

Mar leave heit kom werom
Nei mem, myn sus en my
Want yn dyn learen jas
Mei lytse dingen mis ik dy.

Priegel 15/2/2015
 
 
 48. Jûn

It moantsje driuwt oan de himel
Yn silveren wolkjes om;
De beammen steane to dreamen,
As reuzen, stoer, swart en stom;

It fjild, det dampet fen dauwe,
Leit del yn in djippe slom;
Ek de minsken, deadou fen it bodsjen,
Siikje rêst yn de fredige plom;

De flaechsblom bloit deis mar allinne;
Syn bledsjes fâlle of en komnie om;
Mar bloijend, myn faem, brekt nou iepen,
De lieafde, dy hearlikste blom!

Pieter Jelles.
 
 
49. Septimber

Wêrom krij ik
by de earste en de bêste
bewolke jûn yn septimber
altyd sa'n leech gefoel
krekt as der immen fuort gien is
dy't nea werom komt
en ik fergetten ha
ôfskie te nimmen
omdat ik net troch hie
dat it wier foarby is

dy moaie simmer.

Ytsje Hettinga
 
 
 
 50. Kalm oan  

Wat hat elts dochs in drok bestean
hieltyd dat gejacht en geflean
se giselje oan alle kanten om je hinne
as soe it sûnder har net trochgean kinne!

Oerdei an't wurk, dan nei hûs ta jeie
ite en gau de boel byinoar feie
Krantsje? Dûse? Of kin it net mear
dan dogge we dat mar in oare kear.

Want jûns, dat is jim wol bekend
dan binn' se wer earne oars presint.
Dit fol te hâlden, dei oan dei
is foar de measten in dreech kerwei.

Lit dochs wat slûpe, hâldt jimsels yn 't fizier
jim moatte noch meigan, mannich jier.
De bêste rie is hiel gewoan:
doch it wat kalmer oan.

S. Huitema-Rypma