Ferskes en Sankjes út Fryslân - deel 2

Ferskes
 
 01. Werom - 02. Hûs fan stilte - 03. Stille treast - 04. Oer in frij feint - 05. De loane -  08. Myn leafste
 
 
 
 
 
 
Sankjes
 06. Wytfear - 07. Wie it net juster? -
 
 
 
 
 
 
 
 
 01. Werom  

werom nei dyn berteplak,
noch ien kear sjen hoe't it wie
dyn hert gûlt om dy blikkene loads,
dêr 't earder d' âld' skuorre stie

dyn eagen fan pine ferlutsen,
it âlderhûs, ferboud, ferbrutsen,
tún mei dyn plakjes, ferskuord,
de sleat mei it brechje is fuort.

hiest net komme moatten,
it wersjen docht sa sear
besefst, dat watsto sikest
is wei, do fynst it net mear.

en dan, ienlik by de feart,
dy bloeiende dotterblom.
dochst de eagen ticht en glimkest
ynienen sjochst alles werom

Auck Peanstra


 

02. Hûs fan stilte  

Lit ús in hûs fan stilte bouwe,
mei muorren fan leafde
en in dak fan frede,
mei keamers fol blydskip
en in tún,
in tún
mei wat ljocht
en wat skaad,
mei wat sjongende fûgels
en in slûgjende kat op it paad.

Lit ús in hûs fan leafde bouwe,
mei muorren fan begryp
en in dak fan fertrouwen
en in hiem om te sintsjen
en keamers,
keamers
om yn te ferdwinen,
elkoarren te sykjen,
elkoarren te finen

Lit ús in hûs fan stilte bouwe.

Tsjits Peanstra

 

03. Stille treast    

Stilte fan 'e moarn sa ier
bringst my frede oer myn skier
bringst my groetnis om my hinne
fan dyn sfearen dy't hjir binne.

Sfearen fan 'e beammepracht
fan natoer, sa hjerstich sacht
sfearen dy't my treastgjend heelje
suver as in leave leelje.

Triennen glydzje om myn broer
hy ferstoar, leit by de toer
't searet yn my, yn myn hert
skriemen helpt, jout romte oan smert.

Stille moarn, ik hâld fan dy
'k fyn mysels wer,
'k bin wer my
en jim beammen mei jim blêd
nea wurd ik jim freonskip sêd.

Theodora

 
 
04. Oer in frij feint

In frijgesel yn Aldeleie,
koe net sa best in wyfke krije.
De man hie wol 'n stikmannich sinten
en koe hast leve fan syn rinten.
Hij wie 't allinnich wêzen beu
mar wie net dryst, in bytsje bleu.

Hij tocht: wêr moat ik no ris hinne?
Wêr soe foar my in frommes rinne?
't Stekt my op 't lêst ek aardich nau.
Dus sis ik net, it moat mar Gau
'k wol net yn dy't de Broek oan hat.
En smite oer de Balk is ek wol wat.

'k Gean nei Nije- of Aldertrine.
Mar Wier, wêr moat ik dat no fine.
Yn de Knipe komme wol ik net,
fan in Waaksens pop ha 'k gjin ferlet!
'k Tink dat se yn Himmelum skytskjin binne
Mar yn Rûgehuzen leit it Ter-'herne
Yn Ealsum fiel ik my net thús
Yn blautsje rin ik yn Blauhús
Yn Bak'húzen sil wol iten stean
Of sil 'k nei Itens út iten gean?

'k Wol se net te Grou en net te plat
ek net te Heech, perfoarst gjin lat.
Moat ik Kollum bliuwe en Burdaard?
Of wurdt it in publike út Lichtaard?
'k Wol ek net altiid ite Riis
of sil 'k nei Skylge, dêr is Lies
Mar altyd oer de grutte Sleat,
Ik Peins der net oer, 't liket my neat!

Yn Luks'wâld dêr is it my te fernaam
Mar as ien út Poppenwier Me'naam?
Yn 't Kleaster sitte faaks wol nonnen,
mar dy ha gjin ferlet fan mannen.
Ik kom net Sumar út 'e Rie
Mar 'k woe dat ik mar 'n wyfke hie.
Soms tink ik 'k doch al sa Lang'war
Hoe âlder ik wurdt, hoe minder 'k doar.
Ien plak wer 'k noch in kânske ha,
'k sil noch ris nei Froubuorren ta!

Doeke Miedema

 

 
05. De loane

Nea weromfûn
de donkere loane
mei tichtflechte beamte
dêr hinge noch hea yn.

It rûze dêr súntsjes
wat wie it boadskip?
Lei fan âld folk
earne in fuotprint?

By tiden twirre't
yn de strewellen
heimlike fûgels
miskien in njirre...?

Súnichjes struide
de sinne wat goudjild
yn moude en kjitten
waard it wei.

Ik skramme my
oan toarnbei en hagebeam
ik ferdreamde de tiid
yn de rook fan in tateblom.

Ik socht en socht
nea weromfûn
de donkere loane
in plak om te stjerren
bûten de wrâld.

Theun de Vries (1 juni 2003)
 
 
 
 
 06. Wytfear

Der sit by ús op 't hiem in lyster - hy is prachtich swart -
dy't yn syn fearepak fansiden in wyt fearke hat.
Hij wennet al in jier as trije by ús yn'e tún.
in wyfke hat er ek, mar al hàr fearkes binne brún.

No is der neat aparts oan, want dy fûgels binn'oeral;
yn tunen, parken, bosken, rûnom sitt' dy bisten wol.
Dochs hat dat lytse fûgeltsje no krekt in bytsje mear
want dizze is bysûnder troch dy iene fear.

Ja wier, it is in aardichheid dy lyster sa te sjen:
hy skarrelt hieltyd troch de tún en sjonge dat er kin!
Doe nei dy lange winter, bliid wien'wy hjir allegear,
want sjoch, ynienen seagen wy ús eigen fûgel wer.

Dat komt grif troch it skaaimerk fan dy moaie wite fear,
dat makket him oars as de rest, sa witt'wy elke kear
as wy him sjogge: ja, dit is him, dizze heart by ús,
Dy fûgel mei de witte fear, dy hat by ús syn thús.

No woe ik wolris witte oft it echt sa seldsum wie
dat dizze lyster dêr fansiden sa'n wyt fearke hie,
Ik strúnde wat op ynternet en fûn it antwurd gau:
sa'n wyte fear komt fâker foar, dit foel my eins wat ôf...

Dy fûgel is dus hiel gewoan, krekt as "Jan mei de pet",
Dochs hat dit lytse lysterke my oan tinken set:
Wy binne net graach oars as oars, mar leaver wat gelyk,
mar in lyts verskil is dochs wol moai, it makket ús unyk! 


Grytsje Kingma - út 'Tûzen dagen
'

 
 
 
 
 
 
 07. Wie it net juster?

Wie it net juster?
Datst by ús kaamste op ’e wrâld,
myn famke dêr’t ik sa fan hâld.
Datst feilich yn myn earmen leist’
en datst dyn earste wurdsjes seist’…

Wie it net juster?
Dat ik dy altyd by my hie,
dat eltse dei in wûnder wie,
Datsto sa opgroeidest hjir thús
en datst dyn plakje hiest by ús….

Wie it mar juster…
It is noch mar sa koart foarby,
dyn bernetiid dy’k foar my krij.
Mar lyts bisto allang net mear,
dy los te litten dat docht sear,
Wie it mar juster….

Famke fan my, wat bist al grut,
de jierren gean’ my fierste hurd.
Do wolst op eigen fuotten stean,
as mem tink ik: hoe soe dit gean?
Ik swaai dy wat weemoedich út,
dêr giesto dan, noch gau in tút.
In grouwe tas oer ’t skouder en
gau nei de bus, no doech, oant sjen!
Sa gie it juster….

In nije tiid brekt oan foar dy
mar dat jildt like goed foar my.
Foar beide is ’t in nij begjin,
in nij stik fan ús libbensrin.
In hiel oar libben komt der oan,
net dat fan juster, mar fan moarn!
In nije tiid is ’t ek foar my,
en juster…is foargoed foarby.

Grytsje Kingma - út 'Tûzen dagen'
 
 
 
 
 08. Myn leafste

Myn leafste, do leefst no net mear
wat die it ôfskie nimmen sear,
fan dy wêr 't ik sa fan holden ha
en no aanst sûnder, fierder moat.

De searte dy 't der ek wol wie
ferwyndert al wat mei de tiid.
Wêr 't ik no dreamende op driuw
is 't moaie, wat der wie en bliuwt.

Wy sjoch elkoar wer by ús Hear
Mar o, wat docht it loslitten sear ...

Ut: As de dize brekt - Marije Haaima Hoekstra