Ferskes en Sankjes t Frysln - deel 2

Ferskes
 
 01. Werom - 02. Hs fan stilte - 03. Stille treast - 04. Oer in frij feint - 05. De loane -  08. Myn leafste
 
 
 
 
 
 
Sankjes
 
 
 
 
 
 
 
 
 01. Werom  

werom nei dyn berteplak,
noch ien kear sjen hoe't it wie
dyn hert glt om dy blikkene loads,
dr 't earder d' ld' skuorre stie

dyn eagen fan pine ferlutsen,
it lderhs, ferboud, ferbrutsen,
tn mei dyn plakjes, ferskuord,
de sleat mei it brechje is fuort.

hiest net komme moatten,
it wersjen docht sa sear
besefst, dat watsto sikest
is wei, do fynst it net mear.

en dan, ienlik by de feart,
dy bloeiende dotterblom.
dochst de eagen ticht en glimkest
ynienen sjochst alles werom

Auck Peanstra


 

02. Hs fan stilte  

Lit s in hs fan stilte bouwe,
mei muorren fan leafde
en in dak fan frede,
mei keamers fol blydskip
en in tn,
in tn
mei wat ljocht
en wat skaad,
mei wat sjongende fgels
en in slgjende kat op it paad.

Lit s in hs fan leafde bouwe,
mei muorren fan begryp
en in dak fan fertrouwen
en in hiem om te sintsjen
en keamers,
keamers
om yn te ferdwinen,
elkoarren te sykjen,
elkoarren te finen

Lit s in hs fan stilte bouwe.

Tsjits Peanstra

 

03. Stille treast    

Stilte fan 'e moarn sa ier
bringst my frede oer myn skier
bringst my groetnis om my hinne
fan dyn sfearen dy't hjir binne.

Sfearen fan 'e beammepracht
fan natoer, sa hjerstich sacht
sfearen dy't my treastgjend heelje
suver as in leave leelje.

Triennen glydzje om myn broer
hy ferstoar, leit by de toer
't searet yn my, yn myn hert
skriemen helpt, jout romte oan smert.

Stille moarn, ik hld fan dy
'k fyn mysels wer,
'k bin wer my
en jim beammen mei jim bld
nea wurd ik jim freonskip sd.

Theodora

 
 
04. Oer in frij feint

In frijgesel yn Aldeleie,
koe net sa best in wyfke krije.
De man hie wol 'n stikmannich sinten
en koe hast leve fan syn rinten.
Hij wie 't allinnich wzen beu
mar wie net dryst, in bytsje bleu.

Hij tocht: wr moat ik no ris hinne?
Wr soe foar my in frommes rinne?
't Stekt my op 't lst ek aardich nau.
Dus sis ik net, it moat mar Gau
'k wol net yn dy't de Broek oan hat.
En smite oer de Balk is ek wol wat.

'k Gean nei Nije- of Aldertrine.
Mar Wier, wr moat ik dat no fine.
Yn de Knipe komme wol ik net,
fan in Waaksens pop ha 'k gjin ferlet!
'k Tink dat se yn Himmelum skytskjin binne
Mar yn Rgehuzen leit it Ter-'herne
Yn Ealsum fiel ik my net ths
Yn blautsje rin ik yn Blauhs
Yn Bak'hzen sil wol iten stean
Of sil 'k nei Itens t iten gean?

'k Wol se net te Grou en net te plat
ek net te Heech, perfoarst gjin lat.
Moat ik Kollum bliuwe en Burdaard?
Of wurdt it in publike t Lichtaard?
'k Wol ek net altiid ite Riis
of sil 'k nei Skylge, dr is Lies
Mar altyd oer de grutte Sleat,
Ik Peins der net oer, 't liket my neat!

Yn Luks'wld dr is it my te fernaam
Mar as ien t Poppenwier Me'naam?
Yn 't Kleaster sitte faaks wol nonnen,
mar dy ha gjin ferlet fan mannen.
Ik kom net Sumar t 'e Rie
Mar 'k woe dat ik mar 'n wyfke hie.
Soms tink ik 'k doch al sa Lang'war
Hoe lder ik wurdt, hoe minder 'k doar.
Ien plak wer 'k noch in knske ha,
'k sil noch ris nei Froubuorren ta!

Doeke Miedema

 

 
05. De loane

Nea weromfn
de donkere loane
mei tichtflechte beamte
dr hinge noch hea yn.

It rze dr sntsjes
wat wie it boadskip?
Lei fan ld folk
earne in fuotprint?

By tiden twirre't
yn de strewellen
heimlike fgels
miskien in njirre...?

Snichjes struide
de sinne wat goudjild
yn moude en kjitten
waard it wei.

Ik skramme my
oan toarnbei en hagebeam
ik ferdreamde de tiid
yn de rook fan in tateblom.

Ik socht en socht
nea weromfn
de donkere loane
in plak om te stjerren
bten de wrld.

Theun de Vries (1 juni 2003)
 
 
 
 
 06. Wytfear

Der sit by s op 't hiem in lyster - hy is prachtich swart -
dy't yn syn fearepak fansiden in wyt fearke hat.
Hij wennet al in jier as trije by s yn'e tn.
in wyfke hat er ek, mar al hr fearkes binne brn.

No is der neat aparts oan, want dy fgels binn'oeral;
yn tunen, parken, bosken, rnom sitt' dy bisten wol.
Dochs hat dat lytse fgeltsje no krekt in bytsje mear
want dizze is bysnder troch dy iene fear.

Ja wier, it is in aardichheid dy lyster sa te sjen:
hy skarrelt hieltyd troch de tn en sjonge dat er kin!
Doe nei dy lange winter, bliid wien'wy hjir allegear,
want sjoch, ynienen seagen wy s eigen fgel wer.

Dat komt grif troch it skaaimerk fan dy moaie wite fear,
dat makket him oars as de rest, sa witt'wy elke kear
as wy him sjogge: ja, dit is him, dizze heart by s,
Dy fgel mei de witte fear, dy hat by s syn ths.

No woe ik wolris witte oft it echt sa seldsum wie
dat dizze lyster dr fansiden sa'n wyt fearke hie,
Ik strnde wat op ynternet en fn it antwurd gau:
sa'n wyte fear komt fker foar, dit foel my eins wat f...

Dy fgel is dus hiel gewoan, krekt as "Jan mei de pet",
Dochs hat dit lytse lysterke my oan tinken set:
Wy binne net graach oars as oars, mar leaver wat gelyk,
mar in lyts verskil is dochs wol moai, it makket s unyk! 


Grytsje Kingma - t 'Tzen dagen
'

 
 
 
 
 
 
 07. Wie it net juster?

Wie it net juster?
Datst by s kaamste op e wrld,
myn famke drt ik sa fan hld.
Datst feilich yn myn earmen leist
en datst dyn earste wurdsjes seist

Wie it net juster?
Dat ik dy altyd by my hie,
dat eltse dei in wnder wie,
Datsto sa opgroeidest hjir ths
en datst dyn plakje hiest by s.

Wie it mar juster
It is noch mar sa koart foarby,
dyn bernetiid dyk foar my krij.
Mar lyts bisto allang net mear,
dy los te litten dat docht sear,
Wie it mar juster.

Famke fan my, wat bist al grut,
de jierren gean my fierste hurd.
Do wolst op eigen fuotten stean,
as mem tink ik: hoe soe dit gean?
Ik swaai dy wat weemoedich t,
dr giesto dan, noch gau in tt.
In grouwe tas oer t skouder en
gau nei de bus, no doech, oant sjen!
Sa gie it juster.

In nije tiid brekt oan foar dy
mar dat jildt like goed foar my.
Foar beide is t in nij begjin,
in nij stik fan s libbensrin.
In hiel oar libben komt der oan,
net dat fan juster, mar fan moarn!
In nije tiid is t ek foar my,
en justeris foargoed foarby.

Grytsje Kingma - t 'Tzen dagen'
 
 
 
 
 08. Myn leafste

Myn leafste, do leefst no net mear
wat die it fskie nimmen sear,
fan dy wr 't ik sa fan holden ha
en no aanst snder, fierder moat.

De searte dy 't der ek wol wie
ferwyndert al wat mei de tiid.
Wr 't ik no dreamende op driuw
is 't moaie, wat der wie en bliuwt.

Wy sjoch elkoar wer by s Hear
Mar o, wat docht it loslitten sear ...

Ut: As de dize brekt - Marije Haaima Hoekstra