Ferskes en Sankjes t Frysln - deel 1


 Ferskes
 
01. Ald en nij - 02. Libbenstried - 03. Bitterswiet - 04. Sil it ljocht verlieze? - 05. Frysk binnenhske - 11. Sa giet it  - 12. Kld - 13. Pozy - 14. De kapper  - 15. Befroren Blikfaart -  21. Ik hie tocht  - 22. Rinte - 23. Aste lder wurdste - 24. Natuer - 25. It ivich tydlike - 33. Nakommerke - 34. SNEEK - 35. FOAR MEM - 36. Klaproas - 37. Kokon - 38. Ksmos - 39. Ik gong op reis - 40. Maitiid op it iis - 41. Lokkich - 43. Fan Itens nei Easterrein - 44. Piipkrd - 45. Yn Frysln - 46. Leare - 47. Heit syn jas - 48. Jn - 49. Septimber -  50. Kalm oan 

 

Sankjes
 
 
 
 
 
01.  Ald en nij

Doe 't pake jit feint wie en beppe jit faam,
Doe wie 't allegearre net heal sa foarnaam
En deftich as no;
Men neamde elkoar do;
Goedei en goed wei en dr gyng it mei ou.

Doe wiene de minsken rnboarstich en plat,
Hja neamden ienfldich in kat mar in kat;
No wurde se boas
En lke oan 'e noas
Oer echtfryske wurden, - mar net oer wat oars.

Doe gyng ek in boer jitte klaaid as in boer,
En stdskompliminten dr mocht er net oer.
Wat roppe se no?
Menhear en juffrou!
Tsjin boer en boerinne, soms lompen en grou.

Doe stelde de Fries yn syn taal jit in ear;
Dr kaam er mei del by de grutste menhear;
Dat liket no neat!
No binne se great
Op healbakken Hollnsk, hoe bryk en ferkeard.

Doe 't pake jit feint wie en beppe jit faam
Doe wie 't allegearre net heal sa foarnaam.
Foartgong is no
It roppen al gau,
Mar 't falt yn in hiele boel dingen wat ou.

Waling Dykstra
 
 
02. Libbenstried.

Myn bernetiid
Yn stormwyn en yn fleagen
Foar altyd fstlein yn 'e hd fan har
Dy't my mei leafdeshannen
Wachte

Se sit
De takomst tiidleas efterhelle
Ferseit mei sulver yn 'e stim
De tiid dat dreamen
Berne waarden

No
Yn it lste jnsljocht
Wjerkeatst in sinnestriel
De glns fan har meilydsum hert
Yn 'e flden fan myn gesicht.

Wil Stelling
 
 
03. Bitterswiet

Bitterswiet bitterswiet
priuwt dit lytse leafdeliet
sil dyn ear 't wol ienris heine
as de fine drippen 't reine
reine litte oan dyn blinen
silst it hearre as de winen
flaikjend om dy hinne strune

harkest?
hark yn alle tunen
strykt de wyn op 't spinnetried
bitterswiet dit leafdeliet

wurden?
wurden hat it net
't ienlik en nrstich hert
kloppet sfter kloppet hjitter
bitter swiet en swiet en bitter
lstret lichter as de amme
lettertekens fan dyn namme
leafste hld de siken yn
priuw de rein en hear de wyn
fiel de drippen hein dit liet
bitterswiet bitterswiet

Tiny Mulder
 
 

04. Sil it ljocht verlieze?

it sil flakkerje
op 'e klde pster fan de hate
it sil wynderje
yn 'e stoarm fan geweld
sil it fertutearzje
yn it bline tsjuster?

nee
ik wol
ik wol beslist
de fnken heine
it ljocht soeie litte
op de wyn fan de hope.

Anny de Jong
 
 
05. Frysk binnenhske

Sletten blinen, toarre rountsjes,
kyn- en klok-en-hammerspul,
letterlapen, wettermountsjes,
idioom fan anno nul;
tipdoek, flodder, sulv'ren beugel,
breidskie, stove en lodderein,
folklore-deun fan road-road-reugel -
nimst yn ivigheit gjin ein?

Hark, in neare echo galmet
troch de lang forletten gong,
de ld petroaljelampe walmet
mei in swarte, fize tong.
Nea komt hjir in doar mear iepen
en it stjonkt hjir as de pest -
Frysln leit him dea to sliepen
en de molkboer hat al west.

Fedde Schurer
t: Efter it nijs (1966)
 
 
 
 
 
 06. De Mounlersdochter

Oan de kant fen 't stille wetter,
By it earste maitiidsgrien,
Siet de ljeave mounlersdochter;
Tsjepper famke wier net ien.
En in snipper hearke socht hjar;
Fljuensk en ljeaflik praette hy.
Oan de kant fen 't stille wetter,
Nimmen wier sa bliid as sy.

Oan de kant fen 't stille wetter,
Yn it hjerstwaer koel en klear,
Siet de moaije mounlersdochter;
Mar hja wier net fleurich mear.
Och, de simmer brocht hjar lijen,
Hwent dat hearke, falsk wier hy.
Oan de kant fen 't stille wetter,
Nimmen wier sa droef as sy.

Oan de kant fen 't stille wetter,
Hwer de winter flokken smiet,
Seach ik wer de mounlersdochter;
Boijich en nlijich wier't.
Mar de ljeave mounlersdochter
Wier fen kjeld en soarch ring frij.
Oan de kant fen 't stille wetter,
Yn it stille grf leit sy.

Waling Dykstra


07. It Heiteln
 


Dr 't de dyk it ln omklammet, lyk in memme-earm har bern.
Dr 't de wylde see jamk flammet op in hap t Friso 's hern'.
Dr 't de stiennen man syn eagen Stoarje lit oer fjild en strn,
Dr 't men eanget fan gjin weagen, Dr is 't leave Heiteln!
Dr 't men eanget fan gjin weagen, Dr is 't leave Heiteln!

Dr 't Reaklif sa swietkes lonket, yn de jntiidssinneskyn.
Dr 't it bokweitblomke pronket, tusken heide en beamguod yn.
Dr 't de Aldehou syn brommen, oeren fier soms dreunt yn 't rn,
Dr 't it tilt fan fee en blommen, Dr is 't oeral Fryske grn!
Dr 't it tilt fan fee en blommen, Dr is 't oeral Fryske grn!

Dr 't har froed de gean spriede, tusken Lauwers, Linde en Flie.
Rstich drgjend, oft de ierde, Rnom noft en frede wie.
Dr 't de grn de soargen leannet, Fan der minsken warbre hn,
Dr 't men frij en feilich wennet, Dr is 't ynleaf Heiteln!
Dr 't men frij en feilich wennet, Dr is 't ynleaf Heiteln!

Lit s tinke oan lde tiden, ieuwen fol fan lst en noed.
Kriich tsjin frjemdfolk, fjochtsjen, striden, Wrakseljen mei wetterfloed.
Dr 't Dy 't lde folk bewarre, dreech tsjin stoarm en twingerij.
Dr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Dr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"


08. De bosken fan it Wld

De bosken fan it Wld
De bosken fan it Wld
mei hnderttzen blden
dy't risselje en rze, flsterje en beevje
weevje, stadich weevje op 'e wyn...

Ik wit hoe't ik as jonge
nder de beammen stie
in geur sweeft troch myn holle
ik wurd wa't ik doe wie
Dr fielde ik myn grinzen
as lytse fgel finzen

De bosken fan it Wld
dy't risselje en rze
en stadich wurd ik stiller
en stadich wurd ik ld

Ik bin de skilder mei it hoopfolle palet
dy't elke dei de wrld wat moaier kleuret
sa meitsje ik myn eigen paradys
blanke beammen, sfte stimmen
oan beide kanten in ingel oan mn hn
Ik bin de skilder mei it transparant palet
bewenner fan in iensum mearkeln

Faak gean ik nei it lde doarp mei beammen
sa hjir en dr in hage om de tunen
elts doarp is wer in eigen paradys
lytse huzen, smelle stegen
en by de pleatsen it jongfee yn it ln
Ik bin de skilder mei it treastrike palet
de skepper fan myn eigen mearkeln

De bosken fan it Wld
mei hnderttzen blden
dy't risselje en rze, flsterje en beevje
weevje, stadich weevje op 'e wyn...

Reboelje


09. Frysln, myn ln

Dit ln is myn ln, dit ln is dyn ln,
fan 'e Lauwerssee f, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e fsltdyk,
dit is it ln foar dy en my.

Doe 't ik earn yn frysln, op in stille dyk  roun,
seach ik om my hinne, nei de natuer.
It gers wie grienich, fersierd mei blommen,
en hjir en dr in buorkerij.

Dit ln is myn ln, dit ln is dyn ln,
fan 'e Lauwerssee f, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e fsltdyk,
dit is it ln foar dy en my.

Ik makk' in kuier, de sinne skynde,
en yn 'e fierte, seach ik wite seiltsjes.
Dy grutte marren, mei al syn boatsjes,
dat is s Frysln op syn bst.

Dit ln is myn ln, dit ln is dyn ln,
fan 'e Lauwerssee f, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e fsltdyk,
dit is it ln foar dy en my.
Dit is it ln foar dy en my.


10. Fryske marren

Moai snder wjergea binne de marren:
Sft wiuwend rizich reid oeral yn 't rn.
Sulveren weagen, driuwende tillen,
dk'ljende fgels, fearjend de grn.
Dk'ljende fgels, fearjend de grn.
Moai snder wjergea binne de marren:
Sft wiuwend rizich reid oeral yn 't rn.
Oeral yn 't rn, yn 't rn, oeral yn 't rn.

Midsimmers pronkseal binne de marren:
Rnom is pompegrien, markol dy dkt.
Eintsjes yn 't wetter driuwe sa sftkes,
reidhintsjes boartsje, wytstirns dy spkt.
Reidhintsjes boartsje, wytstirns dy spkt.
Midsimmers pronkseal binne de marren:
Rnom is pompegrien, markol dy dkt.
Markol dy dkt, dy dkt, markol dy dkt.

Nocht oars sa nearne jouwe de marren:
Oerfloedich libbensswiet, snheit en tier.
Roeikje en sile, swimme en fiskje,
sterkje de spieren yn 't simmer hjealjier,
sterkje de spieren yn 't simmer hjealjier.
Nocht oars sa nearne jouwe de marren:
Oerfloedich libbensswiet, snheit en tier.
Snheit en tier, en tier, snheit en tier.
 
 
 
 
 11. Sa giet it   

In kanne fol mei kofje,
in treppot fol mei tee,
dy steane op it ljochtsje
en binn' foar skinken ree.

Wat tee- en kofjedrinkers,
in lang en smout petear:
De beide grutte potten
Minderj' allinken mear.

In kanne snder kofje,
en treppot snder tee
ferdwine nei it oanrjocht,
binn' foar de fwask ree.

Gepke
Ut: Moaiens op in kante meter.
 
 
12. Kld

In deadskleed leit oer hiel de wrld
alles liket wel ferstoarn
natoer en minske binn' sa kld
der is gijn bloei mear oan.

De beammen, hingjend skril en keal
alles is tryst en df
it leaket allegoar sa feal
de loft hinget swier oer 't hf.

Mar lokkich komt nei sa'n tiid
fan kjeld en fan fenyn
altyd wer in simmertiid
mei ljocht en sinneskyn.

T. Braaksma


13. Pozy         

Witst' wol famke, dat in blomke,
dat in freonlik sprutsen wurd,
dat in lytse died fan leafde
safoll' yn 'e wrld betsjut?

Ws dan gol mei al dy dingen
strui se rn, de hiele dei
ws foar eltsenien dy'tst moetest
'n sinnestrieltsje op 'e wei!

F.Folkertsma, 1942


14. De kapper  

Siet der gjin glns mear yn beppe har hier
waard it frijwat feal en skier
dan dearde har dat net so folle
se sette in earizer op 'e holle

Deis koe it mei in mtske ta
Hoe moast s mem it ha?
Doe wie dat gjin moade mear
dus, gewoan tkjimme: klear

Mei in frusseltsje waard de holle bedutsen
en hjir en dr in spjelde yn stutsen
it prkje waard op 't lst wat tin
mar it stie har net sa min.

In kapper hat se nea besocht
oan coupe-soleil waard noch net tocht.
Ek wol noflik is 't net sa.
..O, 'k moat nei de kapper ta!!

S. Huitema-Rypma


15. Befroren Blikfaart

Blikfaart, faart fol stof en skeuren
beul fan 'e Elfstedentocht
dou hest heel wat krssyjagers
de genadeklap ferkocht.

Nag sien ik se naast my knoff'len
doadop met 'e neus op 't iis
ogen, die 't gyn barst meer sien
rms en benen in 'e tiis
skffelend in 't skemerdonker
'n wek ferbij bij Maartsys brg
met twee ilestiken ankels
en 'n sndsak op 'e rg.

Blikfaart, met dyn lege wlen
en dyn iis as poetsketoen
soust dou ooit de kns nag krije
om dyn beulswerk weer te doen?

A. Tilma (Bildts)
 

 
 
 16. Frysk folksliet

Frysk bloed, tsjoch op! Wol no ris brze en siede,
En bnzje troch s ieren om.
Flean op! Ik sjong it bste ln fann d'ierde;
It Fryske ln fol ear en rom.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.

Ompolske fan it hege slte wetter,
Fertroppe op in terp of stins
Hien'd'lde Friezen yn de wrld net better.
Har ln en frijdom wie har winsk.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.

Frjemd fan it jok fan frjemde hearen
Faak earm, mar dochs sterk en frij
Stoe de lde Fries stnfst by syn manearen
Hy wie in Fries, in Fries stoar hy.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.

Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden
Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hn,
Wie wille yn dy fromme tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har ln.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.

Fan bgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.

Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen
Oerlde leave Fryske grn,
Waard noait dy taaie bn ferbrutsen,
Dy Friezen oan har ln ferbn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.

Trochloftich folk fan dizze lde namme,
Ws jimmer op dy lders grut.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme
In grien, in krftich duorjend leat.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.
Klink dan, en daverje fier yn it rn
Dyn lde eare, o Fryske grn.


17. Fries om utens.

Oh ja 't is wier, ik fiel my hjoed
Hiel oars as oars, begryp my goed
Myn hs stie oeral op'e wrld
Gjin plak wr't ik sa fan hld

Ik stiel herten, die oaren sear
Makke freonen, ferlear in pear
De leste dagen bin ik bang
Dat ik sa nei dy ferlang

Ik sil dy sizze dat ik grutsk bin
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Frysln do ropst my, ja ik wol nei hs
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grn fielt net mear as fan my
Frysln, o Frysln, langje nei dy

O Fryske grn, do joust my brea
De griene greiden, de lucht fan hea
Dyn loften wyld, dyn marren wiid
Dat is myn byld fan dy tiid

Fertel ferhalen, sjong fan dyn grn
It is wr't eartiids myn libben begn
't Ferwndert my hoe as it kin
Dat ik mysels hjoed net bin

Refrein

Let me tell you that I love you
That I think about you all the time
Frysln, you're calling me
Now I'm going home

And if I should become a stranger
You know it would make me more than sad
Cause Frysln is more than everything
I've ever had.

Rolling Home

 
18. Friezeliet

Dr 't de noardseeweagen spiele oan it strn,
dr 't de bterblommen bloeie yn 't griene ln.
Dr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgers,
dr is myn lnsdouwe, stie myn ldershs.

Dr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgers,
dr is myn lnsdouwe, stie myn ldershs.

Wyn en weagen songen dr har liet foar my,
efter hege diken gie myn jeugd foarby.

Mar myn herte lange nei de wide wrld,
'k woe om fierrens swalkje snder honk en hld.
Mar myn herte lange nei de wide wrld,
'k woe om fierrens swalkje snder honk en hld.

Folle lok en lijen haw ik neitiid fn,
wat ik ienris dreamde hat my 't libben jn.
`k Socht de fiere kimen, dr 't myn hert my dreau,
nearne koe ik bankje, want ien langstme bleau.

`k Socht de fiere kimen, dr 't myn hert my dreau,
nearne koe ik bankje, want ien langstme bleau.

Langstme nei it griene bntbeblomme ln,
dr 't de noardseeweagen spiele oan it strn.

Dr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgers,
nei de eigen oarde en myn lste hs.
Dr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgers,
nei de eigen oarde en myn lste hs.


19. Flaggeliet

Sjoch, sjoch dy skeane banen,
Dat weagjend wyt en blau,
Dy reade pompeblden,
Dat lde byld fan trou!
Sjoch, sjoch se blinken, sinken,
Allinken foar in skoft,
Sjoch, sjoch se wiuwen, kliuwen
En driuwen yn'e loft!
Dat, dat is s Fryske flagge!
Dat, dat is s Fryske flagge!
Dan omheech, dan omleech,
Op en del mei wyn en weagen,
Dan omheech, dan omleech,
Wiuwend, kliuwend steech en dreech.

Krekt sa't dy banen weagje
En blinke yn sinneskyn,
Sa weagje s wide wetters
En blinkt de sinne 'r yn.
Kretk sa't dy blden teare
En dke en jouwe mei!
Sa, sa waait s Fryske flagge!
Sa, sa waait s Fryske flagge!
Dan omheech, dan omleech,
Op en del mei wyn en weagen,
Dan omheech, dan omleech,
Wiuwend, kliuwend steech en dreech.

Bliuw, banen, wite en blauwe,
Bliuw, blden, rea en rn,
Bliuw 't byld fan Fryske trouwe,
Byn Friezen oan har grn!
Weagje oer s griene greiden,
Weagje oer s wetterwiid;
Bliuw 't byld fan Fryske dregens
En Friez'ne stille striid!
Waai, waai t no, Fryske flagge!
Waai, waai t no, Fryske flagge!
Dan omheech, dan omleech,
Op en del mei wyn en weagen,
Dan omheech, dan omleech,
Wiuwend, kliuwend steech en dreech.

(tekst: Jan fan e Gaastmar
Muziek: T.E.Halbertsma)



20. Ik kom t Frysln

"It is de boer likefolle, as de ko skyt of de bolle",
dat stiet by s heit en mem te lzen.
Bin ik yn Snits of yn Ljouwert, wat makket it t,
as ik mar yn Frysln hoech te wezen

Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
it liket krekt oft dr de sinne altyd skynt.
Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
in echte Fries begrypt wat my oan Frysln bynt.

Sjoch ik de marren en de sktsjes en de pompeblden dan by simmerdei.
Sjoch ik de greiden, kei en kealtsjes, no dan tink ik:
"Nee, ik gean hjir noait wer wei!"

Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
it liket krekt oft dr de sinne altyd skynt.

Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
in echte Fries begrypt wat my oan Frysln bynt.

Wat moat ik no bten Frysln, nee brk dochs dyn ferstn,
dan mis ik dat moaie skjinne wetter.

It bliuwt foar my Frysln boppe en Holln yn 'e groppe
en de Fryske taal, dat leit my better.

Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
it liket krekt oft dr de sinne altyd skynt.

Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
in echte Fries begrypt wat my oan Frysln bynt.

Sjoch ik de marren en de sktsjes en de pompeblden dan by simmerdei.
Sjoch ik de greiden, kei en kealtsjes, no dan tink ik:
"Nee, ik gean hjir noait wer wei!"

Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
it liket krekt oft dr de sinne altyd skynt.
Ik kom t Frysln, myn moaie Frysln,
in echte Fries begrypt wat my oan Frysln bynt.

 
 
 
 
 
 21. Ik hie tocht  

Ik hie tocht,
dat it libben einiget

asto der net mear bist

de wrld hldt op fan draaien
de hoanne staakt it kraaien
de wolken keare it ljocht
en de kat hat oan boartsjen gjin nocht

asto der net mear bist

gjin boer ferkskynt op 't ln
de nocht oan 't buorkjen bedoarn
gjin woartel, gjin blom en gjin bist
ha krft om te libjen, sa is 't

asto der net mear bist

mar neat is minder wier
fan'e moarn al witte ier
striele de sinne sa klear
gong de hoanne tekear
hie de kat syn boartersmaat fn
en buorman bewurke mei faasje syn grn

wylst do der net mear bist.

Janke Douma


22. Rinte

Beppe wie bliid
mei in kealtsje
mem mei in sint
ik mei in botsen
en it stuorke.
Mar no is't de euro
dy't rint.

Sa ferdogge wy
de tiid mei sinten
mar jout in bytsje leafde
net mear oan rinten.

G. Yntema-v.d.Mark


23. Aste lder wurdste  

Aste lder wurdste
wurdt it weromtinken langer
it ynsjoch klearder.

Aste lder wurdste
komt de ein tichterby
learst te libjen by de dei.

Aste lder wurdste
is dyn selsbetrouwen ripe
troch weagen fan pine hinne.

Aste lder wurdste
begjinst it libben te sjen
troch de eagen fan dyn hert.

As de libbenspine dat dy jaan kin
dan hast net fergees libbe
en stille freugde waachst.

Theodora


24. Natuer.

'k Stean by de bern, as yn 'e loft
in glnzge fleanmesine bromt.
Ik rin mei eltse blide kloft,
en as Michiel to spyljen komt
dan bringt my syn harmoanika
oan 't skriemen ta

Hld jimmer, Hear, myn eagen rein,
om wiid forwnd're as in bern,
by alles hwat dizze ierde skein'
it moaije dat s bliuwt to sjen.
Dan bloeit ek t de lytste knop
it wnder op.

In ljurk, dy't yn 'e sv're moarn
de lege lnnen efterlit,
dy't, dronken fan syn eigen toan,
oars net as sulv'ren blidens wit,
en as syn liet nei d' ein ta rint
al wer bigjint,

sa springt myn hert t leed en nk,
t lege mieden fan fortriet
en sjit omheech, in ljochte fnk,
in blinkend, selsforgetten liet
dat sjongend altyd heger klimt
en nea gjin ein mear nimt.
 
Fedde Schurer
t: Utflecht (1930)



25. It ivich tydlike

Hoe 't alles syn plak hat
it wetter fan de feart
it reid drnjonken
de greppels yn it ln
de rige wylgestobben.

Hoe 't soks wei wurdt
yn de mist, yn de nacht
ferdwynt nei letter.
Dat it den wer opkomt
as wie der neat bard.

Sa 't de see opspilet,
him weromlkt en
leechte afterlit.

Frans Holwerda
 
 
 
 
 
 26. De seeman

Ik haw in seeman kennen,
Dy foer de wrld yn 't rn  

Hy hie yn 't lde Frysln
In leaflik famke fn.  

Hy sei oan 't strn: "Myn famke,
Gau kom ik ryk werom;

Dan sil ik net wer skiede
Fan dy, myn leave blom".

It famke kamen d' eagen
Sa fol fan suv're dau;

Hja lei syn hn yn sines
En sei: "Ik bliuw dy trou".

By't swalkjen oer de baren,
Oan ln, 't sij ier of let,

Yn stoarmen en gefaren,
Syn faam fergeat er net.

Doe hat de dea him wonken,
En 't boldre hl en rou:

De seeman is ferdronken,
Mar bleau syn famke trou!



27. Ferdronken Flinter

Sa te stjerren op it wetter
mei dyn wjukken fan papier.
Samar driuwen nei it fleanen
yn de wolken driuwst do hjir,
mei dyn kleuren dy ferfage,
snder sykje snder fragen,
einlings foar altyd reste
en de blommen die sto tutest.
Geuren dy sto ooit hast witten,
alles kinst do no ferjitte
op it wetter widzest hin en wer.
Sa te stjerren op it wetter
mei dyn wjukken fan papier.

As in flinter dy dochs fleane kin
oan't yn de blauwe loft,
as in flinter altyd frij en
foar it libben op'e flecht,
wol ik fersterren op it wetter,
mar dat is in soarch foar letter.
Ik wol fladderje as'n flinter,
op it blommenbld sa widzjend,
mar sa heech ken ik net fleane,
derom flecht ik in yn myn dreamen,
altyd bin ik foar it libben op'e rin,
as in flinter dy dochs fleane kin,
oant yn de blauwe loft.

Om te libjen tocht ik: soest
in flinter wéze moatte,
om te fleanen hiel fier fuort
fan alle libben, alle pine.
Mar ik ha net langer hinder
fan oergeunst op in flinter,
want selst flinters die ferstjerre,
'k lit myn wille net bedjerre,
ik kin snder fleane libje.
Wat sil ik noch langer jaan,
oer in flinter dy ferspen is yn maaie,
om te libjen ha ik ek langer neat
mear te kleie.

Lennaert Nijgh / Boudewijn de Groot
Oersetten yn it frysk troch: Heleen Kuipers.



28. It marke

It wie op in simmerjn;
It sintsje dat stoe op 'e grn,
Wol heal yn 'e dauwe wei:
Krekt as it yn 't wetter lei.
En sftkes en stil wie de wrld;
It wetter lei snder in fld.
En 't goudene sinnefjoer,
Dat sprate syn gleonens der oer,
der oer, der oer.

Men hearde gjin flinter noch mich
Sa flodderjen oan 'e ich,
Of gnzeljen oer 'e poel,
En ek gjin mear bernegejoel.
Mar smk, mei de kop yn 'e plom,
Sa driuwkelen de einkes rnom
Yn 't lizige bldige gnod,
Swiet syljende jit yn 'e dod,
'e Dod, 'e dod.

En djip yn 'e ladene tsjalk
Song sktefaar lykas in alk
In sang fan 'e oerlde tiid,
En wie mei it wyfke sa bliid.
En 't wyfke dat spn en dat striik
En dig're aloan troch de riik
Ut 't healwei opskowene lk,
En wie by her hurdke sa kloek,
Sa kloek, sa kloek.

O jne! o leaflike dei!
Wat tins ik dy faak efternei.
En wrom, sei, fleachsto sa swiid,
Do griene, do goudene tiid?
Do himelske midsimmerjn,
Wat wiesto sa rd my ferrn!
O kaamsto, ei mylde, o kom!
Ei, kom my dochs faker werom,
Werom, werom.

Tekst: E. Halbertsma
Muziek: W.A. Mozart


29. Yn it Dokkumer lokaaltsje
 


Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

Yn it noarden fan Frysln, der ried ris in tram
mei in gong fan sa 'n tritich yn 't oer.
Mar de tiid gong foarby en dat tramke moast wei.

En doe rekke de bouhoek fol fjoer.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

In kommisje fan trije, dy kaam oan it wurd.
Foar dy tram der moast komme in bus.
En it duorre net lang, want it spoar wie net bang.

En no hinget in elts yn e lus.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

Hiel de bouhoek stiet stram, hast yn fjoer en yn flam,
want de bus nou dy is oan 'e rol.
En jo stean by de wei en jo kinne net mei,

want de bus, nou dy is altyd fol.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.

Drom nou ta beslt,smyt dy bus der wer t,
en jou s dan mar leaver it spoar.
Ek al fret hy de koal ek by 't weintsje hast fol,

en al wie men fan 't reizgjen wat goar.

Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.


30. Frysln, ik hear by dy

Wer sjogg'jo sa'n romte
sa'n greiden, sa'n blomte
wer sjogg'jo sa'n romte
yn de maitiid as by us
Drt sft it wyntsje waait
en oer it fjild it ljipke saait
Eltse maitiid fiel ik wer
Frysln dat ik by dy hear
 
Wer sjogg'jo dy loften
dy seiltsjes by kloften
wer sjogg'jo dy loften
yn de simmer as by us
Drt swietrook fan it hea
jns hinget oer't bedauwe gea
Eltse simmer fiel ik wer
Frysln dat ik by dy hear

Wer brzje de weagen
wer rzje de fleagen
Wer brzje de weagen
yn de hjerst sa as by us
Drt de boer syn ropping trou
yn rein en wyn stiet op 'e bou
Eltse hjerstmis fiel ik wer
Frysln dat ik by dy hear

Wer noegje de fearten
it jongfolk sa derten
wer noegje de fearten
yn de winter as by us
Drt elts in spanning sit
oft de alvestdetocht troch giet
Eltse winter fiel ik wer
Frysln dat ik by dy hear

mei tank an Joukje v.d M.


31. Hoe soe ik net fan Frysln sjonge
     
As lofte-blau yn't wetter spegelt
en wolke-skaad oer d'ierde strst,
As ljurke-sang it hert ferheget,
de wyn troch bld en reiden rst.

Hoe soe ik net fan Frysln sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.

As freon en frjemd syn frijheid romje
en seilen oer it wetter flean',
As ljipkes oer de wjokken tomm'lje,
hoe soe my't hert net iepen gean.

Hoe soe ik net fan Frysln sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.

Hoe soe ik net fan Frysln sjonge
en romjet ynleaf plakje grn,
drt snt nheugelike tiden
it Fryske folk syn wenstee fn.

Anneke Douma
Mei tank an Fokke de Groot.



32. Gerrit Breteler: Katarsis
 


Doe't God ferdwn t Jorwert
ferdwn de slachter en de bakker
en de doarpsgek ek, de stakker
en by einbeslt de boer
der bliuwt neat fan Frysln oer
No't s ln rnom ferwylget
foarby, foargoed, ferlern
moarn is der neat mear fan te sjen

Yn 'e kroech koe 'k it sa moai sizze
moast ik it dy, myn skat, tlizze
dat it doogde yn 'e grn
dat der leafde wie foar't wnder
foar it wzen yn't bysnder
dat de roas doe ek ferwylge
as it gers, myn leave skat
mar wy wienen bern fan God

De God fan doe en letter
dy't mei s rn oer't wetter
Ivich en aloan
en Maria ek har Soan
it ferbyldzjen bin' we kwyt
halleluja ta myn spyt
no't it wnder ek ferwylget
grutskalich, lomp en plat
ik haw dy leaf, myn lytse skat

Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche
dat wie ferdomd net in lyts bytsje
mar wat jout it s yn wzen
alle boeken dy't we lze
as we rinne snder sinne
op 'e weagen fan 'e see
ik haw dy leaf, hoe sis ik dat
mei of snder God
en ivich boppedat

Ach it wie doe fst net better
mar it wie sa moai foar letter
it treast foar't grut farwol
hoe hldt in minsk' it fol
as er ivich libje wol
no't myn roas ek al ferwylget
as it gers myn lytse faam
is dy treast my dochs ntkaam

Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche
dat wie ferdomd net in lyts bytsje
mar wat jout it s yn wzen
alle boeken dy't we lze
as we rinne snder sinne
op 'e weagen fan 'e see
ik haw dy leaf, hoe sis ik dat
mei of snder God
en ivich boppedat
 
 
 
33. Nakommerke

op un sundachmrren
de laaste week
fan oktober fier en 50
hewwe se
myn plesenta
achter in 'e tn
fan ut griffermeard ferpleechhs
begraven

myn suster
huppelde
dy dach
deur
de gysbert japiksstraat
en skreeude
teugen idereen
'k hew un broerke krege
'k hew un broerke kregen

omdat ik
un nakommerke was
deed oans fader
wat minder ldruchtech

trouwens
de hele buert
wist ut ok al

al dacht
oans moeke
fan nyt

Henk van der Veer


34. SNEEK

tuurlek
dy Italiaanse meiden
lope feul seksir en soepeler
as de degeleke
Sdwesthoekfrouwen
op dinsdachmorgens
over ut Groatsaan

en ik weet ut wel
de ouwe feemerk
is fanself
ut Plaza di San Marco nyt

mar as ik genietend
fan un soute hearing
temidden fan de krinkjespuiers
op 'e Eierbrugge
dy geniale Dirk S. Donker
ut karreljon fan 'e Groate Kerk
bespeulen hoar dan het Sneek
ok wel wat

Henk van der Veer


35. FOAR MEM

 
I
as in foetus
draaist en swimsto
yn dyn lste bd

muoisum sykje hannen
nrstich tin en wyt
yn in see fan lekkens
sjippegld haldfst

mei in iiskld wattestokje
- sitroenesmaak en hyginys fabrisearre -
meitsje ik dyn droege lippen wiet

Noch ienkear fnkelje
- dizich en tebrutsen
dyn eagen blauwe ljochtsjes
do bist noch mem

dan ttsje ik stiltsjeswei
dyn ronfelige wangen
en lsterje foar de lste kear
wurdsjes fan fskied.


II
de himel kleuret pears
dy deis boppe it hf
gummybannen ferpulverje
tzenen skulpen yn stikjes
fjouwer wldmantsjes
litte de arke
stadich nei nderen sakje

in kloft wite seefgels
spat kritend yn ' e l0ft

neibesteanden roppe in god oan
boppe dyn iepen grf
ik kin him net
myn treast sit yn mysels

op e weromreis
flokke eksters
in requiem
yn it deade hout

 
III
sn wike letter dyn grf:
ynsakke modderbulte
raffelige linten
fersutere krysanten
en in glzen sjempot
dy't oan gruzeleminten leit

Henk van der Veer

 
36. Klaproas

broazelege, mar frege levensglod
eenmalege skoanheid op kwetsbere stengel
eventjes opflammend
Eén sucht fane wyn
as frege fleugels fan un flinder
flige roade blaadsjes overal heen
as ile belftes mar fluchtech,
te fluchtech ferdwinende kleuren.

Wat blift is ut swart
op ut plak fan ut hart
de siel is flogen.
De stengel bgt teruch int gras
teruch naar de aarde
dy dstere bron fol met levensgeheimen
dyt klaproazen teruchgeeft
gyn mins dyt ut betwifelt.

As un bloem nyt foargod hoeft doad te gaan
wrom s der un mins dan wel.

 
[frij naar un fers fan Yvonne van Emmerik]
meinommen fan it blog fan Henk van der Veer




37. Kokon

'Nou gaan ik doad', sei de rups, ' tt kiekes '
en hij wikkelde sich in un lange draad,
un doadskleed, ferhard tt urn
su koud as stien.
De son ging onder
der kwam gyn maan
gyn suchtje wyn.

Un stien is un stien
stolde stf
doofde glod
fan oait un ster

In ut earste licht
foltrok sich ut wonder
de stien spatte teen
un ademtcht
un fleugelslach
un kleurepronkje
un daans fan befrijng.

As un rups al flindere mach
wurde minsen dan engels?


[frij naar un fers fan Yvonne van Emmerik]
meinommen fan it blog fan Henk van der Veer



38. Ksmos


Nou ademstou de ksmos in
en ksmos ademt dij.
Sonder grnzen,
gyn beperkings mear,
ut lieve leven achter dy laten,
hestou de frede goeie seid
dyt allienech
an de Andere Kant bestaan kan.

As al ut liefs en gods fan dij
nch mar ut skaad was
fan wat is wrstou nou bist,
hoe ongebroken heel
an de doad foarbij
sal dr dan leven weze
foar dij

 
[frij naar un fers fan Gerard Oostveen]
meinommen fan it blog fan Henk van der Veer
 
 
 39. Ik gong op reis

Ik gong op reis, al lang net mear nijsgjirrich,
't wie reizgjen tsjin de eangst.
Ik seach my dronken oan it wide ln, de wolken.
Oantinkens dy't 'k net hie, mar sels betocht,
alles waard inkelfldich, riedselleas.

De minsken wiene nderweis nei hs, samar nei hs.
Gerdinen waaiden op foar 't iepen rt. De manlju moai,
lichtfuottich, fleurich, de hannen brn en krftich
fan it wurk. In jonge frou, swier fan har earste bern,
socht om in koeler plak nder in beam, it ljocht dat
om har hinne wie, hie gjin kontoeren.

Op lette middeis-oeren struts sft in kat tichtby
in muorre lns, waarm glnzgjend yn syn fnkelfel.
Ien tel wie 'k net mear bang foar libjen,
foar de grutske dea. Djip yn de ljochte tunen hearde
ik ommers fgellden. Dr achter wie it ln, it hea.

Baukje Wytsma
 
 
 40. Maitiid op it iis

Joech de maitiid folle wille,
Ek de winter is my djoer;
As 'k dy sjoch, sa moai en krigel,
D' eagen fol fan heger fjoer.

Mei de faam der oer te waaien,
Wat in wille foar in Fries!
Binn'de beammen keal en neaken-
Dat is: maitiid op it iis.
 
 
41. Lokkich

Wat makket mij lokkich, wat makket my bliid,
wat telt no noch mei yn sa'n jachtige tiid?
It binn' lytse dingen en dochs binn' se grut:
in hn of in knypeach, in inkeld leaf wurd.

Sa wichtig is snens, drst tankber foar bist,
in hs, ja in plak, drst dysels wze kinst,
gjin sorgen om iten, om klean of in baan,
Mar foaral is it my om s leafde te dwaan.

Want al myn krewearjen, ja al wat ik doch,
it hat wier gjin doel mear as ik dy net sjoch.
Ik wol 't mei dy diele, oars hat it gjin sin,
ik bin net kompleet as ik snder dy bin.

Soe alles hjir wei gean en bleau der neat oer,
al hie ik ek neat mear, it joech my gjin stoer
Ik koe it ferneare as ik dan mar wist,
dat wat der ek barde, dasto by my bist

Asto by my bist, bin 'k net bang mear foar moarn,
tegearre mei dy doar ik alles wol oan.
Ik jou net om jild, guod en oansjen en sa,
as ik yn dit libben dyn leafde mar ha.

Grytsje Kingsma  t "Tzen dagen"
 
 
 
42. Jou my asjebleaft noch even tiid   (Adri de Boer)
 
'k Wol net mear nwennich wze,
Mar ik bin it faak noch sa.
'k Wol dyn briefkes net mear lze,
Mar 'k bin bliid dat ik se ha.
Dyn keamer doar ik eins hast net mear yn
Om't ik dr noch sa'n protte fan dy fyn.

Sitst yn sa'n soad lytse dingen,
Yn de kleuren fan it hiem.
Sels de geur fan de seringen
Makket dat ik samar skriem.
Ik skrik soms noch sa fan de tillefoan.
Der is hjir yn 'e hs neat mear gewoan.

Koe 'k mei triennen treppen bouwe,
Mei fertriet in brge slaan.
'k Soe dy t 'e himel helje;
Earlik wier ik soe it dwaan.
Mar myn triennen dy ferdampe,
Myn fertriet jout gjin hldfst.
'k Moat noch sa faak oan dy tinke
En myn hert fynt mar gjin rst.

Minsken sat om mei te praten
En 't is goed dat ik dat doch.
Mar se ha 't net yn 'e gaten,
Dat 'k de wrld sa tsjuster sjoch.
Se sizze faak hoe moedich as ik bin
Mar se witte net dat 'k nachts net sliepe kin.

Alle boeken op 'e planke,
De muzyk dy't 'k net mear draai.
'k Kin der samar wer om janke,
Gjin momint bist by my wei.
Ik wit it wol, ik krij dy net werom.
Ik sjoch dy pas wer as ik by dy kom.

Lit my no mar eefkes stil gewurde.
Lit my noch mar eefkes yn myn striid.
'k Bin noch lang net yn 't fertriet behurde.
Jou my asjebleaft noch even tiid.
 
 
43. Fan Itens nei Easterrein


Wat fiel ik my lyts
en tagelyk ryk.

Under my
as in griis lint
de dyk.
Boppe my
it grien fan 'e beammen
in poarte allyk.

Oan wjerskanten
as in earehage
de berm besiedde
mei piipkrd
manjefyk.

Wat fiel ik my ryk
en tegalyk lyts
mids dit alles
dr op é fyts.

Aike



44. Piipkrd (frou tsjin har man)
 


Ik woe dat ik dichtsje koe,
dan soe 'k it piipkrd besjonge,
yn in melodieuze melody
fol ynhld, myn bste jonge.

Dy blommen sa yn wndere pracht
moai bloeiend lns de dyk
mei de hagedoarn as in kroan derby
meitsje my dochs sa ryk.

Wy binne yn 'e hjerst fan 't libben,
mar dy moaie maitiid hldst s jong
mei har bter en hynsteblommen
en it piipkrd, dr 't ik graach fan sjong.

De krden siere s dierbere grn.
It jout blidens foar dy en my.
En hoe 't ik dy moaie skepping besjonge moat,
Ik wit it net, it bin de wurden foarby.

G. Yntema-van der Mark
 
 
 
45. Yn Frysln
 


myn faam stiet noait
op in rots
yn de mar
of hinget healwiis yn in beam
my jns op te wachtsjen
as ik mei it hynder
weromkom t Grins.

gjin earn
dkt fan de bergen
om s winter te bringen
sokke fgels en bergen
binne hjir net.

gjin dnsjen op jierdeis
mei fluiten en fjoerwurk
en waaiende jurkjes:
wy sitte yn krinkjes
froulju by froulju
taartsjes te iten
en sels as er him wosken hat
rkt de boer noch nei kuil.

wy blaze muzyk
fan it weagjen fan wetter
rinne fan Raerd nei de see
(of oarsom)
as olympyske sport
springe mei stokken oer fearten en sleatten
wylst der ek dammen ...
sitte yn rein
nei stikjes te sjen
net te ferstean foar s lngenoaten.

wy wenje op bulten
yn it iepen fjild
wy ha de smaak fan
de slte see op 'e lippen
by s bliuwt neat hingjen
de wyn waait s skjin.

Uit: Bartle Laverman Foar elke man in eigen Pake
 
 
46. Leare


Leare, alle dagen nij,
elke dei komt der wat bij.
Dikke boeken, swiere tassen,
simmer-, rein- en winterjassen,
alle dagen nderweis;
't libben is in lange reis.

Nije skoalle, nije bern
fielst dy earst wol wat ferlern.
Dy 'mevrouwen' en 'menearen'
fyftjin fakken om te leraren,
rippetysjes, pine yn 't liif:
is 't in acht of is 't in fiif.

Soms is 't plus en soms is 't min,
mar komst grif wer freonen tsjin.
En dan kinst dysels wer wze,
mei dyn freonen skriuwe en lze.
Alle dagen nderweis,
leare is in leuke reis.

Hear, dy't al s sorgen wit,
mar s noait allinne lit:
wol s helpe, bern en lden,
om de hn oan 't stjoer te hlden.
Hear mei Jo so nderweis:
't libben wurdt in moaie reis!
 
 
(auteur mij niet bekend)

 
 47. Heit syn jas

Ik wenje yn in jas
Dyt makke is fan lear
In jas fan neat foar dy
Foar my safolle mear

Want dizze learen jas
Fan in goeie kwaliteit
In sterk en stevich model
Dat is de jas fan s heit

In moai eksimplaar
Dyt s mem him joech
Op syn fyftichste jierdei
Dyt hy sa graach droech

Eltse moarn opnij
Wanneart er gie
Nei syn wurk ta
Doet er noch by s wie

Yn e djippe bse
Fan heit syn learen jas
Dryn fn ik wat jild
De doarskaai en syn id-pas

Mar leave heit kom werom
Nei mem, myn sus en my
Want yn dyn learen jas
Mei lytse dingen mis ik dy.

Priegel 15/2/2015
 
 
 48. Jn

It moantsje driuwt oan de himel
Yn silveren wolkjes om;
De beammen steane to dreamen,
As reuzen, stoer, swart en stom;

It fjild, det dampet fen dauwe,
Leit del yn in djippe slom;
Ek de minsken, deadou fen it bodsjen,
Siikje rst yn de fredige plom;

De flaechsblom bloit deis mar allinne;
Syn bledsjes flle of en komnie om;
Mar bloijend, myn faem, brekt nou iepen,
De lieafde, dy hearlikste blom!

Pieter Jelles.
 
 
49. Septimber

Wrom krij ik
by de earste en de bste
bewolke jn yn septimber
altyd sa'n leech gefoel
krekt as der immen fuort gien is
dy't nea werom komt
en ik fergetten ha
fskie te nimmen
omdat ik net troch hie
dat it wier foarby is

dy moaie simmer.

Ytsje Hettinga
 
 
 
 50. Kalm oan  

Wat hat elts dochs in drok bestean
hieltyd dat gejacht en geflean
se giselje oan alle kanten om je hinne
as soe it snder har net trochgean kinne!

Oerdei an't wurk, dan nei hs ta jeie
ite en gau de boel byinoar feie
Krantsje? Dse? Of kin it net mear
dan dogge we dat mar in oare kear.

Want jns, dat is jim wol bekend
dan binn' se wer earne oars presint.
Dit fol te hlden, dei oan dei
is foar de measten in dreech kerwei.

Lit dochs wat slpe, hldt jimsels yn 't fizier
jim moatte noch meigan, mannich jier.
De bste rie is hiel gewoan:
doch it wat kalmer oan.

S. Huitema-Rypma